GPTV

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Gerstel Productie Televisie,koartwei GPTV, wie in kommersjeel Nederlânsktalich telefyzjestasjon út Fryslân. De direksje bestie út heit en soan Wout en Niels Gerstel.

Frigem, destiids kabelmaatskippij yn de noardwesthoeke fan Fryslân, kaam by Wout Gerstel dy't foarsitter wie fan Radio Stad Harlingen, om in kabelkrante te meitsjen. It plan ketste earst ôf troch te min freelancers. Doe't de keppeling makke waard mei de drukkerij fan Gerstel kaam de kabelkrante der dochs. De Gerstels begûnen mei de Harnzer Fiskerijdagen en hellen it nijs by Omrop Fryslân en it aktualiteiteprogramma NOVA. Yn 1996 waard de oerstap makke nei eigen tv-programma's. GPTV begûn yn 1990 as kabelkrante foar Harns en omlizzende gemeenten. Ein 2010 waard hiel Fryslân berikt en kaam it stasjon yn Ljouwert. Programma's waarde makke troch in netwurk fan freelancers. It nijs waard foarlêzen troch de froulju fan de oprjochters Wout en Niels Gerstel. Yn 2010 wie 90% fan it nijs pas om 17.00 te sjen. De stjoerder hie yn 2010 200.000 oanslutings en wie sûnt dat jier ek digitaal beskikber.

Yn 2006 hâlde Kabelkrant Nieuws TV op te bestean en GPTV naam de útstjoerfrekwinsjes oer. Doe't Kabel Noord yn noardeast Fryslân de stjoerder yn it pakket naam, waarden alle Fryske gemeentes berikt. GPTV wie sûnt 2010 digitaal te ontvangen by UPC op kanaal 703. De earste tweintich jier waard útsjoerd fan de boppeste ferdjipping fan Trebol yn Harns. Yn april 2017 stoppe GPTV mei syn útstjoeringen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: