Trebol

Ut Wikipedy
Trebol
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Harns (gemeente)
plak Harns (stêd)
adres Súdeastersingel 1
koördinaten 53°10′25″ N 5°25′29″ E
bysûnderheden
type bouwurk skouboarch en kultureel sintrum
boujier 1910
sloopjier 2020
offisjele webside
stadsschouwburgtrebol.nl
kaart
Trebol (Harns)
Trebol

Trebol (útspr.: ['tre:bɔl], likernôch: "tree-bol") is (anno 2019) in skouboarch en kultureel sintrum yn 'e Fryske stêd Harns. It waard yn 1910 yn steatlike styl oan 'e Súdeastersingel nû. 1 boud en wie neitiid 110 jier lang it klopjend hert fan 'e Harnzer kultuer. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw wie ferskate desennia lang û.m. in bioskoop yn it gebou fêstige.

Yn 1999 ferkocht de doetiidske eigner, Wout Gerstel, it gebou oan 'e Gemeente Harns, op it betingst dat it noch teminsten tweintich jier beskikber bliuwe soe foar de aktiviteiten fan ferienings en foar eveneminten. Sa waard it gebou û.m. brûkt troch de Harnzer bridgeklub, de bingoferiening en ferskate dûns-, muzyk- en toanielgroepen.

Yn 2019 wiene de tweintich jier lykwols om, en besleat de gemeente, dy't fan it needlijende kultureel sintrum ôf woe, dat it gebou, dêr't in protte efterstallich ûnderhâld oan wie, yn 2020 sloopt wurde soe. Nei in plan fan 'e ynvestearringsmaatskippij Harns Invest sil yn 2021 op itselde plak in appartemintekompleks ferrize mei sechstjin lúkse wenten.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Pennewaard, Koen, Trebol is geschiedenis, yn: de Ljouwerter Krante, 24 oktober 2019, s. 26-27.