Springe nei ynhâld

G.G. Kloeke

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan G. Kloeke)
G.G. Kloeke

G.G. Kloeke (folút: Gesinus Gerhardus Kloeke; Skagen, 10 july 1887 - Leien, 5 novimber 1963) wie in taalûndersiker dy't bekend waard troch syn wurk De Hollandsche Expansie, oer de ynfloed fan prestiizjieuze dialekten op minder prestiizjeuze dialekten.

Kloeke syn heit, Willem Kloeke, wie fan Swol en waard troch syn soan oantrune om syn weromtinken oan dy stêd op te skriuwen. Dat late ta de Zwolsche sketsies (1931).

Kloeke hat ferskate jierren yn Dútslân studearre en wurke. Hy promovearre yn Leipzig (1914) en oan de Universiteit fan Amsterdam (1922) op ien en it selde proefskrift, Der Vokalismus der Mundart von Finkenwärder bei Hamburg. Yn de tiid dat Kloeke learaar Dútsk yn Wynskoat wie, samle er feiten oer dialekten yn de omkriten en krige er grutte niget oan de eastlike dialekten.

Yn 1925 waard Kloeke lektor en letter heechlearaar Nederlânsk yn Hamburg. Yn 1926 boaske er oan de neerlandika M.J. van Lessen. Yn 1934 waard er heechlearaar Nederlânsk oan de Universiteit Leien.

Om it ûndersyk nei dialekten ienfâldiger te meitsjen, ûntwurp er in systeem fan koades foar tûzenen plakken en buorskippen yn Dútslân, Nederlân, Flaanderen en Frânsk Flaanderen (yn 'e mande mei de Flaamske dialektolooch L.J.J. Grootaersen). Dat koadearringssysteem, de saneamde Kloeke-tabel of Kloeke-koade, wurdt noch hieltyd brûkt, bygelyks troch it Meertens Ynstitút om dialektologyske gegevens te ûntsluten.

  • De dialecten en de klankwetten (1921)
  • De ondergang van het pronomen du (1926)
  • Handleiding bij het Noord- en Zuid-Nederlandsch dialectonderzoek (1926, mei L.J.J. Grootaers)
  • De Hollandsche expansie in de zestiende en zeventiende eeuw en haar weerspiegeling in de hedendaagsche Nederlandsche dialecten: Proeve eener historisch-dialectgeographische synthese (1927)
  • Ostniederländische Diminutiva (1929)
  • Zum Ingwäonismenproblem (1932)
  • De Noordnederlandse tegenstelling West-Oost-Zuid weerspiegeld in de a-woorden, een dialectgeografische excursie om de Zuiderzee (1934)
  • Herkomst en groei van het Afrikaans (1950)
  • Gezag en norm bij het gebruik van verzorgd Nederlands (1951)
  • Het taallandschap van onze noordoostelijke provinciën (1955)
  • Een oud sjibboleth: de gewestelijke uitspraak van ‘heeft’ (1956)

Literatuer en boarnen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Bio- en bibliografisch lexicon van de neerlandistiek, ûnder redaksje fan de Commissie voor Taal- en Letterkunde van de Maatschappij der Nederlandse Letterkunde
  • Scholtmeijer, Harrie (2006), Mörn! Taalgids Overijssel, Assen: In Boekvorm Uitgevers bv. (p.64-65)
  • Sijs, Nicoline van der (2004), Taal als mensenwerk. Het ontstaan van het ABN, De Haach: Sdu Uitgevers

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]