Springe nei ynhâld

Willem Kloeke

Ut Wikipedy
Willem Kloeke

Willem Kloeke (Swol, 24 juny 1852 - Haarlim, 5 novimber 1934) wie in Swolsk ûnderwizer, skriuwer en kartograaf.

Hy waard grutbrocht yn Swol en folge dêr ek de kweekskoalle. Kloeke wie ûnderwizer yn ferkate plakken en waard yn 1876 haad fan de iepenbiere skoalle yn Weidum. Dêrnei wie er skoalhaad yn Vreeswijk (1880-1882) en Skagen (1882-1893). Fan 1893 oant syn pinsjoen yn 1921 wie er haad fan de Ulo yn Haarlim. Letter hat er ek gastdosint west yn België en Frankryk.

Yn 1901 ferskynde fan Kloeke de Schoolatlas der Geheele Aarde. Teffens makke er in geologyske kaart fan Noard-Hollân, hold er foardrachten en skreau er oer wettersteatkunde en ierdrykskunde.

Fan likernôch 1910 ôf skreau Kloeke (ûnder de skûlnamme 'Willem') yn de Driemaandelijkse Bladen ferhaaltsjes yn 't Swolsk oer it Swol fan syn bernetiid, yn 1931 útjûn ûnder de titel Zwolsche Sketsies.

Willem Kloeke wie de heit fan de taalkundige G.G. Kloeke.

"De tael, die 'k 't eerste eb eleerd was chien Ollans, maer Zwols, de tael van miej moeder, van miej vaeder en van zoo wat alle mensen, die 'k in de eerste joeuren van miej léven te zien en te euren krege. Is 't dan wonder da-'k die tael graeg in eere olle? 'k Wonne now al meer dan fieftig joeur in 'n eel andere oek van 't land, maer 't Zwols bin 'k toch nog lange niet vergeten en doeur bin 'k bliej umme, want 't is toch zo'n ekfetieve mooie tael; 't ef zokke mooie, zachte klanken; jö, 't is miej vaeke of't selde vertelseltien in 't Zwols mooier is as in 't Ollans."
Willem Kloeke yn de Zwolsche Courant, 9 april 1925

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]