Springe nei ynhâld

Gûadelûpara

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gûadelûpe-ara)
Gûadelûpara

Mooglike foarstelling fan 'e Gûadelûpara troch François-Nicolas Martinet, (1765)
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pappegaai-eftigen (Psittaciformes)
famylje pappegaaien fan Afrika en de Nije Wrâld (Psittacidae)
skaai echte ara's (Ara)
soarte
† ± 1760 Ara guadeloupensis
Clark, 1905
ferspriedingsgebiet

De Gûadelûpara of Lyts-Antiljaanske ara (Ara guadeloupensis) is in hypotetyske útstoarne arasoarte, wêrfan't tocht wurdt dat dy endemysk wie op Gûadelûp, in eilân dat diel útmakket fan de Lytse Antillen. Alhoewol't der gjin eksimplaren fan bewarre binne, beskriuwe ferskillende rapporten út dy tiid de fûgel yn details. Ek binne der in oantal yllustraasjes fan bewarre.

De Amerikaanske soölooch Austin Hobart Clark beskreau de soarte op basis fan dy rapporten yn 1905 en joech it syn wittenskiplike namme. Clark stelde út dat de soarte mooglik ek libbe op 'e eilannen Dominika en Martinyk, wêrby't er him basearre op fermeldingen dat dêr ek reade ara's libben. Yn syn boek Extinct Birds fan 1907 stelde de Britske soölooch Walter Rothschild dêrfoaroer dat elk eilân in eigen soarte hie en dat it ferspriedingsgebiet fan 'e Gûadelûpara beheind wie ta Gûadelûp sels.

It ûntbrekken fan fysike resten fan 'e fûgel en de mooglikheid dat de waarnimmingen ôfkomstich wiene fan it Súd-Amerikaanske fêstelân, feroarsaken twifels oer it bestean fan 'e soarte.

In stikje fan 'e poat fan it eilân Marie-Galante befêstige lykwols it bestean fan in like grutte ara, dy't dêr foar de komst fan minsken libbe en waard mei de Gûadelûpara yn ferbân brocht.

Neffens beskriuwingen út dy tiid hie de Gûadelûpara in reade bealch. De wjukken wiene read, blau en giel. De reade sturtfearren wiene tusken 38 en 51 sm lang. Los fan it lytsere foarkommen en de folslein reade sturtfearren like de fûgel op 'e reade ara en hy kin dêrom nau besibbe west ha oan dy soarte. It iten bestie út fruit, ynklusyf de giftige fruchten fan 'e Manzanillabeam. De fûgel wie monogaam, boude de nêsten yn beammen en lei twa aaien yn 't jier of yn 'e twa jier.

Neffens de earste fermeldingen wie de fûgel talryk op Gûadelûp. Tsjin 1760 wie de fûgel al seldsum en allinne noch yn ûnbewenne gebieten te finen. Nei alle gedachten ha jacht en sykte al gau dêrnei de fûgels útroege.

De Gûadelûpara is ien fan 'e 13 útstoarne ara-soarten, wêrfan't ferûndersteld wurdt dat dy op 'e Karibyske eilannen libbe ha. Oer in grut part dêrfan bestiet lykwols twifel om't fan mar trije soarten fysike resten bekend binne en der binne hjoed-de-dei gjin besteande endemyske ara's op 'e eilannen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Sjoch foar boarnen en referinsjes: en:Lesser Antillean macaw