Springe nei ynhâld

Fuotbalferiening Friso

Ut Wikipedy

Fuotbalferiening Friso wie in roomske fuotbalferiening op De Jouwer. De feriening bestie fan 1930 oant 1965.

De katolike fuotbalferiening waard oprjochte op 26 maaie 1930. Yn de earste jierren waard spile of de fjilden fan de Jouster fuotbalferiening 'De Kooi'. Yn 1933 waard in eigen fjild yn gebrûk nomd. Dit barde op Twadde Peaskedei, 17 april 1933, by in wedstryd tsjin Bakhuzen. De ôftraap waard dien dien troch Egbert de Jong, foarsitter fan it R.K.-tsjerkbestjoer. Nammen fan it earste oere wiene Piet Temming, Jan Zeldenthuis en Theo van der Heide. It fjild lei oan de súdkant fan de Roomske tsjerke earst yn it ferlingde fan it roomske begraafplak. Doe't it hou om 1956 hinne útwreide waard, waard it Frisofjild wat mear nei it suden ferlein en kaam op it plak fan de lettere Kwekerijstrjitte. Ein 1962 is Friso, mei de houten tribune, ferhuze nei it fjild oan de súdkant fan de kristlike Mavo en oan de eastkant fan de iisbaan.

Yn 1965 fusearre 'Friso' mei 'De Kooi' ta Fuotbalferiening SC Joure. Op it Frisotenu, swarte broek mei in wyt shirt, hearde yn it earstoan ek in Frysk flachje, dat op it shirt naaid waard. By de fúzje op 16 augustus 1965 kaam der ek in nij tenu.