Frânske Dom (Berlyn)
Frânske dom | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Berlyn | |
adres | Gendarmenmarkt | |
koördinaten | 52° 30' N 13° 23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Evangelyske Tsjerke yn Dútslân | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1705 (foltôge) 1981 (rekonstruksje) | |
Webside | ||
franzoesische-kirche.de | ||
Kaart | ||
De Frânske Dom (Dútsk: Französischer Dom) heart ta de wichtichste toeristyske trekpleisters fan Dútslân's haadstêd Berlyn. De tsjerke stiet oan 'e Gendarmenmarkt yn 'e eardere foarstêd Friedrichstadt yn it Berlynske Ortsteil Mitte. Foar de Frânske Dom oer stiet de Dútske Dom.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tusken 1780 en 1785 waard oan de al besteande Frânske Friedrichstadttsjerke in koepeltoer mei portiko's oanboud. Dy Friedrichstadttsjerke wie tusken 1701 en 1705 foar de ± 6.000 protestanske flechtlingen út Frankryk, de hugenoaten, oprjochte. Model foar de Frânske tsjerke stie de ferwoastge hugenoatetsjerke fan Charenton-Saint-Maurice yn Frankryk.
De nije koepeloanbou krige de namme Frânske Dom, mar it wurdt Dom hold hjir gjin ferbân mei de funksje fan de tsjerke. It is dus gjin haadtsjerke fan in bisdom, mar it slacht hjir op it Frânske wurd dôme, dat koepel betsjut. Itselde jildt ek foar de op de súdlike kant fan de Gendarmenmarkt steande Dútske Dom. Ek by de Dútske Dom waard, tagelyk mei de Frânske Friedrichstadtkirche, earst in tsjerke boud (dy't doedestiids de namme Neue Kirche droech).
It wie de Prusyske kening Freark II dy't yn 1795 oan 'e tsjerken twa, hast identike, tuorren mei portiko's oanbouwe liet. De tuorren hiene fierder gjin oare funksje dan de Gendarmenmarkt in mear stêdeboukundich oansjen te jaan. Model foar de koepeltuorren stiene de twillingtsjerken oan it Piazza del Popolo yn Rome en it boukompleks fan Greenwich Hospital yn Londen fan 'e Britske arsjitekt Christopher Wren. De foarmjouwing fan de beide tuorren stiet yn de tradysje fan it palladianisme en nimt ynfloeden oer fan 'e doe ek boude Eglise Sainte-Geneviève yn Parys, it tsjintwurdige Panthéon, fan Jacques-Germain Soufflot. De boumasters fan 'e beide tuorren wiene Carl von Gontard en Georg Christian Unger.
Gebrûk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de bou fan 'e Frânske Dom waard it tsjerkhôf fan de hugenoategemeente opjûn. Yn ruil dêrfoar krige de tsjerklike gemeente it rjocht om de nijbou foar altiten om 'e nocht te brûken. Eigner is lykwols de stêd Berlyn. Yn 'e 19e iuw wiene yn 'e toer twa wenten foar it tsjerkepersoaniel en in skoalle ûnderbrocht. Oan 'e noarlike kant wie de skoalle foar jonges, oan 'e súdlike kant in skoalle foar famkes mei elk seis lokalen en in wenning foar de haadmaster.
De Frânske Dom waard yn 'e Twadde Wrâldkriich op 7 maaie 1944 ferneatige. Tusken 1977 en 1981 waard de tsjerke wer opboud. Yn it ramt fan it 750-jierich bestean fan Berlyn koe de rekonstruearre toer, mei op in hichte fan 40 meter in balustrade, in restaurant op de fjirde ferdjipping, in klokkespul mei 60 klokken en it Hugenoatemuseum, wer iepene wurde.
Sûnt 1935 is der yn 'e Frânske Dom in Hugenoatemuseum fêstige, dat nei de Twadde Wrâldkriich sûnt 1956 ek wer yn 'e foar de helte ferwoastge toer besocht wurde koe. It museum waard yn 'e tiid fan 'e weropbou tydlik sletten en fan 1983 oant 1987 yn 'e ûndertsjerke fan 'e yn 1983 wer opmakke Frânske Friedrichstadttsjerke ûnderbrocht. Nei de oarlochsskea fan 'e Friedrichstadttsjerke yn 1944 tsjinne de toer ek as tsjerke. De tsjinsten fan 'e Frânsk-protestânske gemeente fûnen oant de weropbou fan de tsjerke yn in seal yn it midden fan 'e toer plak.
Yn 1998 waard it restaurant yn 'e toer sletten. Fan 2004 oant 2006 fûn oan it eksterieur fan 'e dom in seis miljoen euro kostende renovaasje plak. Yn it ramt dêrfan waarden 18 fan 'e brûnzen klokken reparearre of nij getten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Französischer Dom
|