Dútske Dom (Berlyn)
Dútske dom | ||
Lokaasje | ||
lân | Dútslân | |
plak | Berlyn | |
adres | Gendarmenmarkt 1-2 | |
koördinaten | 52° 30' N 13° 23' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | oarspr. luthersk en kalvinistysk | |
status | net yn gebrûk as tsjerke no: museum | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 1701-1708 1780-1785 (koepel) 1983-1996 (rekonstruksje) | |
Kaart | ||
De Dútske Dom (Dútsk: Deutscher Dom), offisjeel de Nije Tsjerke (Neue Kirche) heart ta de wichtige toeristyske trekpleisters fan 'e Dútske haadstêd Berlyn. De tsjerke stiet foar de Frânske Dom oer oan 'e Gendarmenmarkt yn 'e eardere Berlynske foarstêd Friedrichstadt yn it Ortsteil Mitte.
Begryp
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It begryp "Dom" hâldt allinnich ferbân mei de yn 1780-1785 njonken de al besteande Neue Kirche (ek: Deutsche Kirche) oanboude koepeltoer en is ôflaat fan it Frânske wurd dôme (koepel). De oanbou is folle grutter as de tsjerke sels en hat nea in sakrale funksje hân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard tusken 1701 en 1708 nei de plannen fan Martin Grünberg boud yn barokke styl. Dêrfoar moast it Switserske tsjerkhôf rûme wurde, dat oanlein wie foar hugenoaten dy't nei in tydlik ferbliuw yn Switserlân yn 'e jierren 1698-1699 harren yn Berlyn nei wenjen setten. De oarspronklike tsjerke hie in fiifhoekige plattegrûn en in healrûne apsis. Yn 'e tsjerke stie oan 'e eastlike pylder foar de yngong oer in typysk protestânske alterkânsel. De tsjerke tsjinne sawol de Dútsk-grifformearde as de lutherske gemeente fan Friedrichstadt.
Om de Gendarmenmarkt in better oansjen te jaan boude Carl von Gontard ûnder Freark II oan 'e eastlike kant fan 'e tsjerke in koepeltoer mei portiko's oan. Dat barde tagelyk mei de bou fan in hast identike koepeltoer oan de Frânske Friedrichstadtkirche oan 'e oare kant fan 'e Gendarmenmarkt. Wylst de nije koepeltoer yn oanbou wie stoarte it bouwurk yn. Fan gefolgen krige Georg Christian Unger de opdracht om it plan fan Gontard út te fieren.
As foarbyld foar de symmetryske koepeltuorren op de Gendarmenmarkt stiene de twillingtsjerken oant it Piazza del Popolo yn Rome. De foarmjouwing fan 'e koepeltuorren sels stiet yn 'e tradyske fan it palladianisme en krige de foarm fan 'e Eglise Sainte-Geneviève yn Parys, it hjoeddeiske Panthéon, fan Jacques-Germain Soufflot. Christian Bernhard Rode makke de bylden oan 'e koepel fan persoanen út it Alde en Nije Testamint. It grutte reliëf yn it timpaan stelt de bekearing fan Saulus foar.
Nei de maartrevolúsje yn 1848 waarden de 183 slachtoffers op 22 maart op 'e triemmen fan 'e Dúske Dom opbiere. Nei in protestânske tsjinst yn 'e tsjerke waarden foar de tsjerke koarte taspraken holden troch in protestânske, in katolike en in joadske geastlike, ear't de kisten ûnder grutte belangstelling fan 'e Berlynske befolking nei it hôf brocht waarden.
De tsjerke moast oan 'e ein fan 'e 19e iuw fanwegen boufalligens ôfbrutsen wurde. In neobarokke nijbou fan it arsjitektenburo Von der Hude & Hennicke folge.
Ferwoasting en weropbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1943 waard de Dútske Dom troch brân ferneatige. De weropbou wie tusken 1983 en 1996. Op 2 oktober 1996 waard de tsjerke offisjeel fannijs iepene. Tuskentiids kaam de tsjerke yn hannen fan 'e oerheid. Sûnt 2002 is yn it bouwurk op fiif ferdjippings in útstalling oer de Dútske parlemintêre skiednis fêstige.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Ynformaasje op de side stadtentwicklung.berlin.de
- (dú) Side útstalling Wege - Irrwege - Umwege yn de Dútske Dom
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [1]
|