Springe nei ynhâld

Frâns fan Donia

Ut Wikipedy
Franciscus à Donia, 1648
troch Anselmus fan Hulle

Frâns fan Donia (Jelsum , 1580 - De Haach, 25 febrewaris 1651) wie gesant.

Fan Donia waard wierskynlik berne op Hinnemastate yn Jelsum. Heit Keympe wie ûnder mear grytman fan Ljouwerteradiel. Yn 1618 boaske er yn Ljouwert oan Geertruyd Engelstede dy't yn 1642 ferstoar. Yn 1645 troude er twads yn Sutfen mei Helena fan Heuclom, dochter fan de boargemaster fan Hurderwyk.

Frâns studearre ûnder oare yn Leien (1599), Heidelberch (1601) en Marburch (1602). Hy keas lykwols foar in militêre karriêre om't er yn 1610 oansteld waard as hopman (kaptein) fan in rezjimint. Hy folge dêrmei syn neef Frâns fan Cammingha op.

Hy wie lid fan Generale Steaten en die yn 1648 út namme fan Fryslân mei oan de ûnderhannelings fan de Frede fan Münster. Yn de Friedensaal yn Münster hinget in skilderij fan him. Teffens stiet er prominint op it skilderij fan Gerard Terborch oer itselde fredesakkoart.

Frâns fan Donia wie lid fan de Grutte Gearkomste fan 1651 yn De Haach.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Donia, FRans van.
  • J.J. Poelhekke - Vrede van Munster ( Den Haag 1948 )
  • Van der Aa - IV side 254-255
  • Ljouwerter Krante (5 juny 1948)