Springe nei ynhâld

Anselmus fan Hulle

Ut Wikipedy

Anselmus van Hulle, ek: Anselmus Hebbelijnck, Anselmus Hebbelynck, Anselm von Hulle, Anselmus von Hulle (Gint, 1601 - 1674/1694) wie in Flaamsk keunstskilder. Fan Hulle skildere foaral religieuze tafrelen en portretten en stie yn heech oansjen by de Jeropeeske hoven. Yn 1647 wurke er foar Prins Freark Hindrik fan Oranje dy't him nei Münster stjoerde foar it portrettearjen fan de ûnderhannelers fan de Frede fan Münster. Letter waard die hofskilder fan keizer Ferdinand III. Hy waard adele.

Anselmus van Hulle is doopt op 23 july 1601 yn de Sint-Baafsparochy yn Gint as soan fan Egidius fan Hulle. Peetheit wie Ancelmus Bede, peetmem Katharina fan Hulle. Hy troude op 14 desimber 1631 mei Livina fan Thuyne. Tegearre krigen se fjouwer bern, dy't allegearre doopt waarden yn Sint-Baafs:

  • Lievine, doopt op 17 febrewaris 1635
  • Anselme, doopt op 28 febrewaris 1636
  • Pierre, doopt op 11 septimber 1638
  • Jeanne Marie, doopt op 19 juny 1642; har peetheit wie de skilder Nicolas de Liedemaecker, dictus Roose; meetmem wie Jeanne fan Liebeke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bemden, F. van den, Anselmus van Hulle, peintre gantois, yn Bull. Maatschappij van Geschied- en Oudheidkunde te Gent, IX, 1901, s. 42-46.
  • Roggen, D., Pauwels, H. & De Schrijver, A., Het Caravaggisme te Gent, Anselmus Hebbelynck, alias Van Hulle, yn Gentse Bijdragen, XII, 1949-1950, s. 314-321.