Hinnemastate

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Hinnemastate, 1723

Hinnemastate wie in state by Jelsum, by de Koarnjumer Feart.

De state waard foar it earst neamd yn 1501 as Hennama statha. De namme is ûntliend oan it laach Hinnema (ek: Hennema) dat foar it earst fernijd waard yn [1451]/1457 en yn 1501 útstoar. In dochter fan de lêste Hennema boaske oan in Donia. De lêste eigener út dat laach wie Frâns Harinxma fan Donia dy't Fryslân fertsjintwurdige by it tekenjen fan de Frede fan Münster yn 1648. Letter is Hinnemastate yn hannen kommen fan ûnder oaren de famylje Fullenius. Bernardus Fullenius wie professor yn Frjentsjer. Syn suster Frouck wie de twadde frou fan ds. Balthasar Bekker. Der wurdt oannommen dat in grut part fan it doe omstriden boek De betooverde wereld, de betsjoende wrâld, op Hinnemastate skreaun is, fan 1691 oant 1693. Nei’t broer en suster Fullenius ferstoarn wienen, waard de state foar ôfbraak ferkocht.

Doe't om 1900 tichteby in terp ôfgroeven waard, wie der fan de state neat mear oer. Letter is der beplanting oanlein dy't no it stee wer oanjout.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Eekhoff, W. "Hinnema-state te Jelsum, het buitenverblijf van den grooten Balthasar Bekker" in Friesche Volksalmanak, 1839
  • Zantema, J.W. "Ut earder tiid. 2e helte 17e ieu. Hinnema-state. Balthasar Bekker" in De Flapût, 1990
  • P.N. Noomen, De stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners. Hilfertsom, 2009 [op bysletten cd op s. 165-166].