Frysk Dambûn
It Frysk Dambûn of it Provinsjaal Frysk Dambûn (PFDB) waard oprjochte op 7 jannewaris 1928 mei as doel promoasje fan it damspul op it 100-rutige boerd, it saneamde "ynternasjonale boerd". It bûn is in ûnderôfdieling fan it Keninklik Nederlânsk Dam Bûn. Primêre doelen binne de organisaasje fan damwedstriden yn Fryslân en gearwurking mei de KNDB foar de organisaasje fan nasjonale wedstriden.
It mânske argyf fan it PFDB wurdt sûnt 2005 bewarre by Tresoar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Provinsjaal Frysk Dambûn ûntstie yn 1928, doe't fjouwer Fryske damclubs harren krêften bondelen yn ‘Dambond Friesland’. Yn de rin fan 1929 sleat it bûn him oan by it lanlike Nederlânske Dambûn, mar net lang dêrnei waarden de bannen wer ferbrutsen. Yn 1942 waard, as gefolch fan in maatregel fan de Dútske besetter, it Provinsjale Fryske Dambûn (koartwei de PFDB) foarme, mei 25 oansletten damclubs, dy ferplichte lid waarden fan it lanlike bûn. De relaasje mei it lanlike dambûn, it Keninklike Nederlânske Dambûn (KNDB) wie noch gâns jierren problematysk. Nei de oarloch ûntstie sels in skuorring, wêrby’t ferskate clubs har ôfskieden fan de PFDB en mei-inoar de âlde namme ‘Dambond Friesland’ brûkten.
In bysûnder probleem yn Fryslân foarmen de finansjen. Hûnderten dammers binne út mienskipsgefoel lid fan de pleatslike damferiening, sûnder har yn ieren en sinen dammer te fielen. Dêrom wurdt de kontribúsjeôfdracht oan it KNDB as in beswier field. Om dy beswieren yn de mjitte te kommen en omdat yn Nederlân persintueel fierwei de measte dammers yn Fryslân wenje, krige it bûn wat finansjele privileezjes. Yn de jierren fyftich sleat in grut diel fan de ‘ôffalligen’ him wer oan by de PDBD. Letter slueten ek de Noardeastpolder en Meppel har oan by it Frysk bûn, en ek de Damkring Marknesse spile fan 1954 ôf syn kompetysjewedstriden by it PFDB. In diel fan de clubs bleau lykwols ûnôfhinklik damjen.
Yn de Súdwesthoeke fan Fryslân bestiet al sûnt de 30-er jierren in lyts, ûnôfhinklik dambûn mei achttjin oansletten clubs. Ien tsiental, it Súdwesthoekteam, mei dêryn earste boerdspilers fan de oansletten ferieningen, spile noch lang mei yn de kompetysje fan de PFDB.
Yn 2003 bestie it Provinsjale Fryske Dambûn 75 jier. Ta gelegenheid fan dit jubileum ferskynde in it jubileumboek ‘’Leafhawwers en topdammers’’. Yn dit boek wurdt de skiednis fan de PFBD beskreaun.
Fryske damteams yn de nasjonale kompetysje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De heechst spyljende Fryske damclub yn de nasjonale kompetysje is Damkombinaasje Fryslân, dy't sûnt it seizoen 2011/2012 wer yn de heechste nasjonale klasse (de eareklasse) útkaam. Damclub Huizum (dy't yn 1974 Nederlânsk kampioen waard) en Damclub de Aldehou spylje in klasse leger yn de Haadklasse A. Ein jierren 90 en begjin ienentweintichste iuw spile DC Rinsumageast yn de heechste lanlike klasse. Yn 1999 waard it twadde plak helle. Yn 2023 spile Damkombinaasje Fryslân yn de twadde klas fan it KNDB.
Yndividuele prestaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Twa leden fan de PFDB binne wrâldkampioen wurden, nammentlik Harm Wiersma (6x) en Jannes van der Wal (yn 1982). Sy hellen ek ferskate kearen in nasjonale titel, lykas Pieter Bergsma (yn 1968), Frank Drost (yn 1978) en Auke Scholma (yn 1995). Wrâldkampioen by de junioaren waarden Bauke Bies (yn 1977) en Wabe van der Wyk (yn 1999).
Fan de bestjoersleden wienen H. de Boer, Roel Bergsma, Pieter Bergsma en R. Scheer lang as bestjoerslid aktyf. In bekend earelid is Anton Schotanus.
Untwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt de oprjochting groeide it oantal oansluten ferienings yn Fryslân nei sa'n 20 yn 1953. Sûnt 1953 kamen der in soad klups by, omdat doe de KNDB foar Fryslân in geunstige kontribúsjeregeling ynstelde. Yn 1970 wiene der 45 oansluten ferienings, dêrnei kaam de groei. Yn it seizoen 1973/1974 wienen 59 ferienings mei yn totaal 1242 leden by it Provinsjale fryske Dambûn oansluten. Op 1 septimber 2003 wiene yn Fryslân noch 47 clubs aktyf yn de provinsjale kompetysje fan it Provinsjale Frysk Dambond, de PFDB. Ek wiene der noch in oantal net-organisearre clubs yn de provinsje. Wol organisearre, mar net by de FPBD, binne it Súdwesthoekebûn mei likernôch 21 oansletten clubs en it Dambûn Frysk Spul, dêr’t likernôch 10 clubs by oansletten wiene. [1]
Yn 2023 wie it tal clubs dat yn de provinsjale kompetysje spile weromrûn nei 16 clubs.
Clubnamme | Oprjochte | Plak | Spyllokaasje |
---|---|---|---|
Bezint Eer Gij Begint | 1962 | Britsum | Britsenburg (Britsum); 2007: fúzje mei Aldebiltsyl |
Dokkum/Rinsumageast | 1926 | Dokkum | De Beyer |
damkring Emmeloord | Emmeloord | MFC Nieuw Jeruzalemkerk | |
Oefening Kweekt Kunst | 1935 | Gerkeskleaster | gebou Rehoboth |
Excelsior | 1931 | Harns | De Koegelbult |
Huizum | 1932 | Huzum/Ljouwert | doarpshûs Ien en Mien |
Lemmer | 1936 | De Lemmer | De Zandbanken |
Heerenveen/Mildam | 1935 | Mildaam | Hof van Schoterland |
Oerterp/Drachten | 1948 | Oerterp | mfs. De Wier |
Troch Tinken Sterk | 1930 | Surhústerfean | De Lantearne |
Steenwijk ‘36 | 1936 | Tuk | kafee De Karre |
Twijzelerheide | 1934 | Twizelerheide | De Jister |
Urk aan Zet/Rasmode | 1983 | Urk | postdoweferiening Tot Weerziens |
Eensgezindheid | 1931 | Wâldsein | mfs De Driuwpolle |
Damcombinatie Fryslân | 2007 | Wânswert | |
Bolsward-Workum-Combinatie | 1963 | Warkum | De Klameare |
Ophefte clubs
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Understeande clubs wiene earder lid fan de PFDB, hawwe har ôfmelde as lid of binne fusearre.
Clubnamme | Oprjochte | Plak | Spyllokaasje |
---|---|---|---|
Achlumer damclub | 1949 | Achlum | |
Akkrum | Akkrum | ||
Oudebildtzijl | 1958 | Aldebiltsyl | Het Graauwe Paard |
Ontspanning | 1937 | Aldeboarn | Doarpshûs De Jister |
Oudega | 1970 | Aldegea (Smell.) | De Smidterij |
Oudega-W. | Aldegea-W. | ||
Oudehaske | Aldehaske | ||
Oldetrijne | Aldetrine | ||
Oude- en Nieuwehorne | Ald- en Nijhoarne | ||
Friese Grens | 1961 | Appelskea | |
Zuidwesthoek damteam | Bakhuzen | mfs De Gearte | |
Mearslach Giet Foar | 1963 | Boalsert | Griff. Sintrum |
Birdaard | Burdaard | ||
Houdt Stand Bergum | 1927 | Burgum | Kiehool |
Burum | Boerum | ||
De Miszet | 1936 | De Broek | |
Broek o. Akkerwoude | Broek û. Ikkerwâld | ||
Buitenpost e.o. | Bûtenpost | Boelensstate | |
Delfstrahuizen | 1937 | Dolsterhuzen | |
Donkerbroek | 1926 | Donkerbroek | Dorpshûis Oan 'e Feart |
De Skouwer | 1945 | Driezum | |
IJlster Damclub (IJDC) | 1924 of 1925 | Drylts | Yn des. 1960 waard it 35-jierrich bestean fierd |
Drogeham | 1975 | Droegeham | |
Ens | Ens | ||
Akmarijp/Terkaple | 1938 | Eagmaryp/Terkaple | |
Anjum | Eanjum | ||
Oosterend | Easterein | ||
Oosterwolde | Easterwâlde | ||
Franeker | 1971 | Frjentsjer | FNV-gebou |
Garijp | 1936 | Garyp | |
Gorredijk | 1961 | De Gordyk | herberch De Vrolijke Keizer |
Trynwâlden/Gytsjerk | 1961 | Gytsjerk | |
De Toer | 1935 | Grou | Bierhalle |
Harlinger Damclub | gie fierder mei Excelsior ûnder de namme Excelsior | ||
Harlingen (dc Harlingen) | Harns | ||
Haulerwijk | 1945 | Haulerwyk | doarpshûs De Enter |
Heerenveen | 1935 | It Hearrenfean | Paul Kruger |
Heidenschap | It Heidenskip | ||
Hijum | Hijum | ||
Hemrik e.o. | 1945 | Himrik | Het Koetshuis |
Holwerd | Holwert | ||
Hommerts | De Hommerts | ||
De Lokzet | 1976 | Hurdegaryp | |
Hindeloopen | Hylpen | ||
Oefening en Vermaak | Ikkerwâld | ||
Engwierum | Ingwierrum | ||
jeugd dc Itens | Itens | doarpshûs De Lytse Fjouwer | |
Jelsum | Jelsum | ||
Jubbega | Jobbegea | ||
Idskenhuizen | Jiskenhuzen | ||
Eestrum | Jistrum | ||
Joure e.o. | 1929 | De Jouwer | kafee ’t Syl |
Wêz Wis | 1957 | Ketlik | tegearre mei Oranjewoud fusearre ta Mildam |
Kollum | Kollum | ||
T.O.G. | 1935 | Koudum | |
Langweer | Langwar | ||
Lioessens | Ljussens | ||
Stânfriezen | Ljouwert | ||
De Oldehove | 1964 | Ljouwert | ’t Knooppunt |
Gezellig Samenzijn (GS) | 1934 | Ljouwert | mei DCL fusearre ta De Oldehove |
Leeuwarden (DCL) | 1925 | Ljouwert | mei GS fusearre ta De Oldehove |
Ons Huis | Ljouwert | ||
Luttelgeest | Luttelgeest | ||
Tamek Damkring NWO Marknesse | 1953 | Marknesse | De Breehof |
Meppel | Meppel | ||
Mildam | Mildaam | Hof van Schoterland | |
Molenend | 1961 | Mûnein | |
Munnikezijl | Muntsjesyl | ||
Nagele | 1974 | Nagele | |
Nijbeets | Nijbeets | ||
N.D.C. Nijemirdum | 1954 | Nijemardum | |
Vooruit | Noardburgum | Opgien yn Houdt Stand Bergum | |
Offingawier | Offenwier | ||
Oranjewoud | 1934 | It Oranjewâld | mei Ketlik fusearre ta Mildaam |
Opeinde | 1986 | De Pein | doarpshûs De Wringe |
Pingjum | Penjum | ||
Ons Genoegen | Raard | ||
Roordahuizum | Reduzum | ||
Rinsumageest | 1933 | Rinsumageast | doarpshûs De Beijer, fusearre mei Dokkum |
Rottum | Rottum | ||
Rijperkerk | Ryptsjerk | ||
Sint Johannesga e.o. (Rotsterhaule) | 1969 | Sint Jansgea | kafee Van der Zwaag |
Schoterzijl | Skoattersyl | ||
Sleat | 1930 | Sleat | |
Slijkenburg | Slikenboarch | ||
De Kroonschijf | Snits | ||
Sneeker Damclub | 1923 | Snits | wykgebou De Schuttersheuvel |
De Harste | 1947 | Sumar | doarpshûs De Kamp |
Stiens | Stiens | ||
Jurjen Tolsma | 1961 | Stiens | |
Zurich | Surch | ||
Suawoude | Suwâld | ||
Terzool (Ons genoegen?) | Tersoal | ||
Ternaard | Ternaard | ||
Terwispel | Terwispel | ||
Tijnje | De Tynje | ||
Nut en Nocht | 1937 | Tytsjerk | |
Tjalleberd | Tsjalbert | ||
Wanswerd | Wânswert | doarpshûs Eldorado | |
Onderling Genoegen | 1927 | Warkum | De Klameare |
Warns | Warns | ||
T.N.S. Troch Neitinken Sterk | Warten | ||
De Denkers | 1936 | Waskemar | |
jeugddamclub Wergea | Wergea | ||
Warga | Wergea | ||
De Damrakkers | 1977 | Wergea | senioareclub waard letter in jeugddamcub |
Ons Genoegen | De Westereen | ||
Westergeest / Kollumerzwaag | Westergeast / Kollumersweach | ||
Wierum | Wierum | ||
Tot Ons Genoegen | 1945 | Wolvegea | De Ark |
Damnocht | 1948 | Wûns |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Referinsje |