Bauke Bies
Bauke Bies | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 6 novimber 1959 | |
berteplak | Donkerbroek | |
stjerdatum | 20 juny 1999 | |
stjerplak | Grins | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Damjen | |
ekstra | Frysk damjen | |
wichtige prestaasjes | ||
jeugd wrâldkampioen |
Bauke Jan Bies (Donkerbroek, 6 novimber 1959 - Grins, 20 juny 1999) wie in Fryske dammer dy't yn de damwrâld benammen bekend waard troch it beheljen fan de jeugdwrâldtitel yn 1977. Hy wie yn it besit fan de titels Ynternasjonaal Master en Nasjonaal Grutmaster.
Bauke wie de âldste út in húshâlding mei trije bern. Yn 1976 en 1977 waard hy junioarekampioen fan Fryslân en yn 1977 sluet er him oan by damclub Huzum fan it Frysk Dambûn. Letter soed er noch damje foar de damclubs ‘Donkerbroek’, ‘Fivelgo Appingedam’, ‘De Vrienden Damkring Groningen’ en ‘Rinsumageast’. Bies waard Frysk kampioen yn 1980.
Nei it ateneum yn Easterwâlde gied er stjerrekunde studearjen yn Grins en waard Grinzersk damkampioen yn 1986. Yn 1982 waard hy Nederlânsk kampioen teamwedstriden mei damclub Fivelgo en wûn it 'Brunssum Iepen' yn 1983, 1984 en 1986. Yn it seizoen 1998/99 makke hy diel út fan damclub Rinsumageast en behelle dêrmei it 2e plak yn de nasjonale kompetysje.[1]
Njonken damjen die hy ek oan skaken en bridgen en rekke mei dêrtroch befreone mei Jannes van der Wal. Oerienkomsten mei van der Wâl wiene dat hja allebeide om te studearjen fan Fryslân nei Grins ferhuzen, dêr wenjen bleaune en op 39-jarige leeftyd ferstoarnen. Krektas Fryske dammers as Johan Capelle, Jannes van der Wal en Auke Scholma hold er der frijwat sobere libbensstyl op nei. Dit fjouwertal spile ea by Huzum en alle fjouwer giene om ferskate redenen nei Grins, meastal ûnder it mom fan studearje. Alle fjouwer bleaune sy yn Grins wenjen en alle fjouwer berikten sy in oantal kearen de finale fan it kampioenskip fan Nederlân.
De deadsoarsaak fan Bauke Bies wie hertfalen dat feroarsake waard troch in hertynfarkt fjouwer jier earder, op 35-jarige leeftyd, wilens in skaakwedstryd yn in tiidneedfaze.[2]
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Referinsjes |