Springe nei ynhâld

Friso Wiegersma

Ut Wikipedy
Friso Wiegersma
keunstner
Friso Wiegersma by de búste fan Wim Sonneveld (1990)
Friso Wiegersma by de búste fan Wim Sonneveld (1990)
persoanlike bysûnderheden
berne 14 oktober 1925
berteplak Deurne
stoarn 5 juny 2006
stjerplak Amsterdam
etnisiteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
wurkpaad
wurksum as Under mear tekstskriuwer, skilder
jierren aktyf 1940-2006
offisjele webside
RKD-profyl

Friso Wiegersma (Deurne, 14 oktober 1925Amsterdam, 5 juny 2006) wie in Nederlânske tekstskriuwer en keunstskilder.

Wiegersma waard berne yn it hûs De Wieger, as fjirde soan fan hûsdokter Hendrik Wiegersma en Petronella Daniëls. De glêzenier Pieter Wiegersma (1920-2009) wie in broer fan him.

Fan 1941 oant juny 1944 siet er op 'e Kunstnijverheidsskoalle yn Arnhim. Nei de Twadde Wrâldkriich studearre er keunstskiednis yn Amsterdam. Doe't er Wim Sonneveld optreden seach waard er daliks in fan - én fereale op Sonneveld. Hy besleat om by elts optreden oanwêzich te wêzen op de foarste rige. Om't er in opfallend persoan wie, waard dat al gau fernommen. Nei de achtste kear nûge Sonneveld him út foar in moeting.

Fia Sonneveld krige Wiegersma al gau wurk as dekôrûntwerper. Hy joech syn stúdzje op. Hy skreau in pear ferskes foar it earste soloprogramma fan Sonneveld yn 1964. Dêrnei skreau Wiegersma mear teksten, sa as it liet fan de strjitsjonger Nikkelen Nelis, modellearre nei Koperen Ko ("Ze kon het lonken niet laten") en de musical De Kleine Parade. Ek foar oaren, lykas Leen Jongewaard en Willy Alberti. Wiegersma brûkte dêrby de skûlnamme Hugo Verhage.

Dêrneist makke er in stikmannich skilderijen, en yn 1970 hie er in útstalling yn New York. Wiegersma en Sonneveld wennen wilens yn Roquefort-les-Pins yn Súd-Frankryk. Sonneveld stoar op 8 maart 1974 oan in hertoanfal by in koarte besite oan Nederlân.

Wiegersma gie troch mei it skriuwen fan lietsjes, ûnder mear Telkens weer foar de film Rooie Sien. Hy fûn ek in nije partner, de 25 jier jongere klienkeunstner Hans van der Woude, mei wa't er op 31 july 2001 troude.

Hoewol't er himsels foaral as skilder beskôge, bleau er ek frege wurden as tekstskriuwer. Yn 2000 waarden syn teksten mei harren ûntsteansskiednis bondele yn it boek Telkens weer het dorp, ferneamd nei twa fan syn lietsjes: Telkens weer (fertolke troch Willeke Alberti) en Het Dorp (troch Wim Sonneveld). Dat lêste liet, in tekst fan him op muzyk set troch Jean Ferrat (La montagne), is in delslach fan de emoasje by it wersjen fan it troch de foarútgong skansearre Deurne. Op 11 maaie 2008 krige it paad njonken syn âldershûs offisjeel de namme Het tuinpad van mijn vader.

Fan maaie 2006 wie der in oersjochtstentoanstelling yn Amstelfean fan de skilderijen fan Wiegersma. Wiegersma ferstoar mei goed 80 jier oan de gefolgen fan lymfeklierkanker. Fan 4 novimber 2018 oant en mei 17 jannewaris 2019 wie der ûnder de neamer 'De aanblik alleen', in oersjochútstalling fan de measte fan syn skilderijen yn Museum Slager yn Den Bosch.

Jannewaris 2005 waard Wiegersma in Gouden Harp takend, fanwegen syn fertsjint foar de Nederlânske lichte muzyk.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]