Frigas

Ut Wikipedy

Frigas wie in yntergemeentlik gasbedriuw. Oprjochte op 24 novimber 1972 troch Barradiel, It Bilt, Frjentsjer, Frjentsjerteradiel, Harns, Ljouwert, Ljouwerteradiel en Menameradiel. Utsein Frjentsjer hienen op dat stuit alle oansletten gemeentes harren eigen gasbedriuw. Neist de distribúsje fan gas oan sa'n 48.000 ferbrûkers (belutsen fan de NV Nederlânske Gasuny) fersoarge men ek de distribúsje fan elektrisiteit yn de gemeente Ljouwert oan likernôch 34.000 ferbrûkers.

Yn 1973 waard ± 230.000 m³ gas ôflevere en ± 170 miljoen kWh elektrisiteit. Frigas NV hie in ynformaasjesintrum en in haadkantoar yn Ljouwert en distriktskantoaren yn Frjentsjer, Harns en Tsjummearum.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: