Springe nei ynhâld

Freerk Postmus

Ut Wikipedy
Freerk Postmus
persoanlike bysûnderheden
oare namme Jan de Groot (skûlnamme)
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 9 augustus 1921
berteplak Easternijtsjerk
stoarn 23 novimber 1944
stjerplak Kamp Neuengamme
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Bouboer
jierren aktyf 1943-1944
reden
  bekendheid
Fersetsman yn WOII

Freerk Postmus (Easternijtsjerk, 9 augustus 1921 - Neuengamme, 23 novimber 1944) wie in Nederlânske fersetsstrider yn 'e Twadde Wrâldoarloch. Hy wie de foaroanman fan Knokploech-Jan de Groot en ien fan de liedende figueren binnen de Lanlike Knokploegen.

Bouboer Postmus wie yn Fryslân yn 1943 belutsen by de April-maaiestakingen; sadwaande moast er ûnderdûke. Hy fûn ûnderdak yn Alteveer dêr 't er Marinus Heerdink kennen learde. Op 28 july 1943 diene sy in oerfal op in distribúsjetransport by Notter. Dêrnei wike Postmus út nei de Utertske Heuvelrêch. Fia Klaas Kooistra, de broer fan syn ferloofde dy't yn maaie 1940 omkaam by gefjochten op de Grebbeberch, hie er dêr meardere kontakten. Hy fûn in hinnekommen by de famylje Bos yn Amerongen en letter by de famylje Alberts yn Langbroek.

Yn de simmer fan 1943 foarme Postmus in knokploech dêr 't njonken Marinus Heerdink en dy syn broer Henk Heerdink, Jaap Jongejan, Tiem Zomer en in pear oaren ta hearden. De groep stie bekend as knokploech-Jan de Groot en letter knokploech-Visser, in ferwizing nei de skûlnamme fan Postmus en dêrnei fan Henk Heerdink (waans alias Henk Visser wie). Harren earste aksje wie de oerfal op it gemeentehûs fan Amerongen, wêrby 't 1500 gesinspersoanskaarten bút makke waarden. Dyselde moanne waard der ek in arrestant befrijd út de plysjesel yn Doorn.

Neijier 1942 wie der in gearkomste by Ad van Schuppen, distriktslieder fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO), dêr't besletten waard dat de knokploech fan Postmus him oanslute soe by de Lanlike Knokploegen (LKP), ûnderdiel fan de LO. As stânplak keas er Doorn, hoewol't de groep ek yn oare parten fan it lân aktyf wie. Sa waard op 29 novimber 1943 yn Ommen in transport mei de administraasje fan it arbeidsburo oerfallen. Op 7 desimber wie der in lyksoartige oerfal op in transport yn Goor. It distribúsjekantoar yn Hardenberg wie op 14 desimber oan bar, folge troch in postauto op 22 desimber yn Gorinchem. Yn jannewaris 1944 folgen oerfallen yn Borne, De Bilt, Den Ham en Langbroek, wêrby 't it befolkingsregister bút makke waarden. Yn Wyk by Duerstede en Wierden mislearre dat. De Dútsers makken gebrûk fan de befolkingsregisters foar it oanwizen fan manlju dy't yn de Dútske oarlochsyndustry wurkje moasten, dêrom hie it ferset der alle belang by om dy yn hannen te krijen.

Postmus joech de lieding oer de knokploech begjin 1944 oer oan Henk Heerdink. Sels waard er opnaam yn de lanlike top fan de LKP, dêr 't Liepke Scheepstra it foar it sizzen hie. Wol die er noch mei oan ferskate aksjes fan syn "âlde" knokploech. Ek naam er diel oan de oerfal op de Koepelgevangenis yn Arnhim op 11 maaie 1944 en ûnder oaren Frits de Zwerver befrijd waard. Yn april 1944 dûkte Postmus ûnder op Hoog Kanje 9 yn Zeist by in húshâlding mei fjouwer lytse bern. Hy sleat him ek oan by in fersetsgroep dy't om it Kerckebosch hinne sintrearre wie. Yn juny 1944 foege er him by de knokploech fan Siem de Man, dêr 't er de distribúsjekantoaren yn Heteren en Herveld mei oerfoel. Op 18 augustus hie Postmus in gearkomste yn Pasadena yn Zeist. Foardat er dêr oankaam waarden de trije oare oanwêzigen, Kik ten Boom, Piet de Lange en Hans Stakman, troch de Sicherheitsdienst (SD) arrestearre. Postmus hearde pistoalskotten en warskôge earst De Man om net nei Zeist te kommen. Dêrnei naam er poalshichte, mar waard dêrnei ynrekkene troch de SD.

Nei syn arrestaasje waard Postmus oerbrocht nei Kamp Vught. Dat kamp waard in pear wiken letter ûntromme fanwege de oprukkende alliearden. Oer Sachsenhausen bedarre Postmus yn Neuengamme, dêr 't hy ferstoar oan de gefolgen fan alhiele útputting yn kombinaasje mei tuberkuloaze.

Postmus waard te hôf brocht yn Easternijtsjerk.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: