Springe nei ynhâld

Frankweiler (Beltheim)

Ut Wikipedy
Frankweiler

Ortsgemeinde Beltheim

Sint-Mauritiustsjerke.
Sint-Mauritiustsjerke.
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
Sifers
Ynwennertal 252 (2011)
Hichte 420 meter boppe seenivo
Oar
Postkoade 56290
Koördinaten 50° 6' N 7° 29' E
Offisjele webside
www.beltheim.de-frankweiler
Kaart
Frankweiler (Rynlân-Palts)
Frankweiler

Frankweiler is in doarp dat op 'e Hunsrück yn 'e ferbânsgemeente Kastellaun fan 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts leit. It doarp leit súd fan 'e Baybach en noardeastlik fan Beltheim yn it beskerme lânskip Moselgebiet von Schweich bis Koblenz.

Oant 17 maart 1974 wie Frankweiler in selstannige gemeente. Sûnt makket Frankweiler diel út fan 'e Ortsgemeinde Beltheim.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De katolike Sint-Mauritiustsjerke oan 'e Rhein-Mosel-Straße 36 is in barokke tsjerke út it earste fearn fan 'e 18e iuw.
  • Op 'e hoeke fan 'e Rhein-Mosel-Straße/Zum Wiesental is in smei-izeren boarne út de twadde helte fan 'e 19e iuw.
  • By it doarp leit de Karrenweg, hjoed-de-dei foar it grutste diel in bosk- en fjildpaad. It foarme in dwersferbining tusken de Mûzel (Karden) en de Ryn (Sankt Goar en Oberwesel) en rint dwers troch it Frankweiler Wald. Eartiids wie dat karrepaad in wichtige iermidsiuwske ferbiningswei. De oarsprong dêrfan leit yn it Romeinske of sels al yn it Keltyske tiidrek. Oan it karrepaad lizze njonken de resten fan in Romeinske Villa rustica in grut tal Romeinske grêfheuvels.


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frankweiler (Beltheim) fan Wikimedia Commons.