Frank Westerman
Frank Martin Westerman (Emmen, 14 novimber 1964) is in Nederlânsk sjoernalist en skriuwer.
Westerman groeide op yn in Nederlânsk-herfoarme húshâlding yn Assen, as soan fan in NAM-yngenieur. Hy studearre Tropyske Kultuertechnyk oan de Lânbou-universiteit Wageningen. Foar syn ôfstudearûndersyk siet er yn 1987 yn Puno yn it suden fan Peru, dêr't hy de pre-Kolumbiaanse yrrigaasjemetoades fan de Aymara yn de Andes bestudearre. Yn dy tiid skreau hy syn earste sjoernalistike reportaazjes.
Yn 1992 waard Westerman korrespondint foar de Volkskrant yn Belgrado. As ferslachjouwer fan NRC Handelsblad besocht hy letter ferskate ynternasjonale brânhurden. Tegarre mei kollega-sjoernalist Bart Rijs wist hy as ienige sjoernalist yn Srebrenica te kommen yn de tiid fan de fal yn 1995. Se schreaunen dêroer it boek 'Het Zwartste Scenario' wêrby't se geheime VN-dokuminten en ynterviews mei bystanders brûkten om de oarlochsjierren fan Srebrenica te rekonstruearjken. Tusken 1997 en 2002 wie Westerman korrespondint foar it NRC Handelsblad yn Moskou.
Sûnt 2002 wennet en wurket Frank Westerman as fulltime skriuwer yn Amsterdam en is troud mei sjoernaliste-skriuwster Suzanna Jansen.
Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Dier, bovendier (2010)
- Ararat - shortlist-nominaasje AKO Literatuerpriis (2007)
- El Negro en ik - bekroand mei de Gouden Ule literatuerpriis 2005, shortlist-nominaasje AKO Literatuerpriis 2005, nominaasje Bob den Uylpriis 2005 (2004)
- Ingenieurs van de ziel - bekroand mei de Dr. Wijnaendts Franckenpriis yn 2003 en de Jan Greshoffpriis yn 2004, shortlist Gouden Ule 2003, shortlist AKO Literatuerpriis 2002 (2002)
- De Graanrepubliek - bekroand mei de Dr. Lou de Jongpriis yn 2000, shortlist Generale Bank literatuerpriis 1999, shortlist Gouden Ule 2000 (1999)
- Srebrenica. Het Zwartste scenario - tegearre mei Bart Rijs (1997)
- De brug over de Tara - Opnij útbrocht yn in aktualisearre, útwreide edysje (2006/2007) (2004)