Franjumbuorren
Appearance
(Trochferwiisd fan Franjebuorren)
Franjumbuorren (Nederlânsk: Franjeburen) is in buorskip fan Marsum yn de gemeente De Waadhoeke. De namme komt ek foar as Franjumburen, Franjumerburen, Franghum, Frange goet, Fraennemanya land.
Op dit stee lei eartiids de no ôfgroeven terp Franjum. Foar 1270 wie dêr in kleaster fan de Benediktiner Susters. De susters gienen nei Baaium en Kleaster Lidlum by gebrek oan lieding. It erfgoed ferfoel oan Lidlum.
Franjumbuorren is it berteplak fan Doede Veeman (1943).
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|