Franciscus Carree
Franciscus Carree of Carré (Ljouwert of Antwerpen, ±1630 - Amsterdam?, 1669) wie in Nederlânsk keunstskilder. It is net bekend wa’t syn learmaster west hat. Hy pykte derút mei syn skilderijen fan lânskippen en doarpsfeesten. Bûten Nederlân is er lykwols net sa bekend wurden.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frans waard om 1630 berne yn Fryslân of Antwerpen. Ynearsten wie er troch syn heit foarbestimd Jezuyt te wurden. Yn 1649 ferfear er nei De Haach foar de boask mei Janneke Padtbrugge. In oare boarne fernijt Geertruyt Buys as syn frou[1]. It pear krige twa soannen, Hendrik en Michiel. Yn De Haach wurdt er lid fan it Gilde. Yn 1657 hâldt er koarte tiid yn Stokholm ta. Tusken 1658 en 1661 wenne er yn Amsterdam dêr't er in herberch hie. Nei't er fallyt gie wie, giet er werom nei De Haach. Yn 1664 wurket er as hofskilder foar Willem Freark en dy syn soan steedhâlder Hindrik Kasimir. Hy makke in ets fan de lykstaasje en katafalk fan de steedhâlder yn novimber 1664.
Carree stoar yn 1669 yn Amsterdam, De Haach of Ljouwert.
Priuwke fan syn wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De ferlieding fan Sint Antonius
-
Drinkende en smokende boeren
-
Drinkende en smokende boeren
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|