Françoise Hardy
Françoise Hardy | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Francoise Hardy (1969) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Françoise Madeleine Hardy | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 17 jannewaris 1944 | |
berteplak | Parys | |
stoarn | 11 juny 2024 | |
stjerplak | Neuilly-sur-Seine | |
wurkpaad | ||
sjenre | sjanson | |
sjongtaal | Frânsk | |
jierren aktyf | 1962-2018 |
Françoise Madeleine Hardy (Parys, 17 jannewaris 1944 - Neuilly-sur-Seine, 11 juny 2024) wie in Frânsk sjongeres en aktrise.
Libbensrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Har mem wurke as assistint-akkountant en har heit wie manager by in fabryk dy't rekkenmasines produsearre. Françoise en har jongere suster Michèle waarden allinnich troch har mem grutbrocht, om't har heit al troud wie en as bigamist it bestean fan syn twa dochters geheim hold foar syn wettige oarehelte. De famkesjierren fan Françoise Hardy spile him ôf yn it 9e arrondissemint fan Parys. Op fersyk fan har mem joech har heit Françoise in gitaar as beleanning foar it slagjen foar har eineksamen yn juny 1961. Dêrfoar hie Françoise besocht ferskes te komponearjen. Op syk nei harsels en in berop dat ferbân hold mei har muzikale omjouwing, gie se nei de partikuliere muzykskoalle Petit Conservatoire Mireille Artuche. Wylst hja it konservatoarium besocht, gie Françoise, op advys fan har mem nei de Universiteit fan Parys om te studearjen oan de Fakulteit Politike Wittenskippen. Nei it earste jier oan de universiteit seach Françoise in advertinsje yn de krante "France Soir" foar in audysje foar jonge sjongers en se waard selektearre.
Françoise Hardy tekene har earste kontrakt mei it platelabel Disques Vogue yn novimber 1961. Yn april 1962, koart neidat se eineksamen dien hie, ferskynde har earste album. Yn 1963 fertsjintwurdige se Monako by it Eurofyzjesjongfestival mei L'amour s'en va en berikte it fiifde plak. Yn 1991 krige Hardy ta fertriet fan Dutronc in nije relaasje, mar sy bleaune oant de ein fan har libben troud.
Yn 1981 boaske Hardy mei har âlde freon en kollega Jacques Dutronc, mei wa't hja fan 1967 ôf in relaasje hie en yn 1973 in soan krige, fan 1988 ôf wennen se apart; Hardy yn Parys en Dutronc yn Monticello op Korsika. Françoise Hardy ferstoar op 11 juny 2024, yn 'e âldens fan 80 jier, oan de gefolgen fan kanker.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|