Springe nei ynhâld

Fosite

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Forsite)
Der wurdt twivele oer de betroudens fan ien of mear ûnderdielen fan dit artikel.
Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en
pas nei kontrôle it artikel oan.


Forseti, ôfbyld yn 1680

Fosite of Fosete is in Fryske god. Oer syn krekte plak yn de Fryske mytology is net folle mei wissichheid te sizzen. Der wurdt oannommen dat dizze god yn ferbân stie mei de rjochtspraak. Yn de Noarske mytology bestie inselde god Forseti. Guon tinke dat dizze god syn wei fûn hat fia de hannel oersee nei Skandinaavje. Om it jier 700 hinne wienen der sterke kulturele bannen tusken it Fryske folk en Súd-Noarwegen dat de Fosite-kultus him noardwerts nei de Oslofjord ta ferspriede. [1].

De namme hâldt ferban mei it Fryske (of algemien Germaanske) wurd foar 'foarsitter'.

Fryske ferwizings nei Fosite

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fosite is mûglik oanwêzich yn de sêge De tolve asega's. Fan ferskate plakken wurdt sein dat dêr gearkomsten ûnder lieding fan Fosite west hawwe. Bekende plakken binne de heilboarne oan de foet fan de Noardfryske Stolberch, it rotseilân Helgolân (in hilligenlibbens wol oanjûn as 'Forsitelân') en it waadeilân It Amelân, as oarsprong fan it kleaster Foswert.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Vries, J. de, Altgermanische Religionsgeschichte, bân II, Berlyn, 1957