Bordelum
| Bordelum / Boorlem | ||
| Lokaasje fan 'e gemeente Bordelum (read) yn Noard-Fryslân. | ||
| Symboal | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| Dielsteat | ||
| Kreis | Noard-Fryslân | |
| Amt | Mittleres Nordfriesland | |
| Gemeente-yndieling | 11 Ortsteilen | |
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 2.040 (31.12.2024)[1] | |
| Oerflak | 34,71 km² | |
| Befolkingsticht. | 59 ynw./km² | |
| Hichte | 11 m | |
| Oar | ||
| Stifting | 1300 (foar it earst neamd) | |
| Postkoade | 25852, 25821 | |
| Offisjele webside | ||
| bordelum.de/ | ||
| Kaart | ||
Bordelum (Noardfrysk: Boorlem) is in plak en gemeente yn 'e kreis Noard-Fryslân yn 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. De gemeente makket diel út fan it amt Mittleres Nordfriesland en hat 2.040 ynwenners.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It gemeentegebiet fan Bordelum heart ta ferskate geologyske formaasjes. It lege sompige part yn 'e gemeente wurdt foarme troch fjouwer polders (it jier fan yndykjen stiet tusken heakjes):
- Sterdebüller Alter Koog (om 1466 hinne)
- Sterdebüller Neuer Koog (om 1520 hinne)
- Bordelumer Koog (om 1520 hinne)
- Frau-Metten-Koog (1721)
Noardeastlik dêrfan leit de 43,4 hege Stollberg oan, in dielgebiet fan de Hohe Geest. Op 'e Stollberg leit in wetterboarne, dy't ek wol de Fositeboarne neamd wurdt. By de Fositeboarne soe Fosite de De tolve asega's it Fryske rjocht ferteld hawwe. By de boarne stiet in boerd mei dêrop in beskriuwing fan dy sêge.
Gemeente-yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it jier 1934 waarden de karspel-plattelânsgemeenten (Kirchspielslandgemeinden) yn Sleeswyk-Holstein opheft. It wie it foarnimmen dat út de karspel-plattelânsgemeente Bordelum de nije plattelânsgemeenten Bordelum, Büttjebüll, Dörpum en Sterdebüll foarme wurde soene. Dat beslút waar lykwols mei yngong fan 1 desimber 1934 weromdraaid, sadat it by de iene plattelânsgemeente Bordelum bleau.
It gemeentegebiet fan Bordelum bestiet hjoed-de-dei út de folgjende alve Ortsteilen
| Offisjele Dútske namme | Noardfryske namme | Deenske namme |
|---|---|---|
| Addebüll | Adebøl | |
| Büttjebüll | Bötjebel | Byttebøl |
| Dörpum | Toorpem | Dørpum |
| Dörpumfeld | Toorpemfäil | Dørpummark |
| Ebüll | Äbel | Ebøl |
| Margarethenberg[2] | ||
| Ost-Bordelum | ||
| Ost-Bordelumfeld | ||
| Sterdebüll | Sterdebøl | |
| Stollberg | Stolbjerg | |
| Uphusum | Ophusum | |
| West-Bordelum' |
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Sint-Nikolaitsjerke yn Bordelum
- De Hillige Boarne of Fositeboarne
- De 'Stollberg'
- Bordelumer Heide
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
