De tolve asega's

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

De tolve asega's is in ûntsteanssêge foar it Fryske rjocht.

Sêge[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keizer Karel de Grutte joech de Friezen harren frijheid, op betingst dat sy harren gewoanterjocht mei alle regionale fariaasjes delskreauwen.

It delskriuwen fan it Fryske rjocht waard opdroegen oan tolve asega's, Fryske rjochters. Hja slaggen der jier nei jier net yn om it foarinoar te krijen en op it lêst waard de keizer sa lulk dat er sei dat hja it wurk binnen in beskate tiid ôfmeitsje moasten, oars waarden hja op in seeskip setten sûnder roer en seilen. Dochs krigen hja it delskriuwen fan it Fryske rjocht net op tiid klear en de straf waard útfierd. It skip kaam yn in swiere stoarm telâne en de tolve rjochters tochten dat se net lang mear te libjen hienen, doe't sy in trettjinde man oan board seagen, dy’t it stjoerleaze skip op ûnneigeanbere wize nei de kant stjoerde. Oankommen oan lân, sloech de rêder mei syn stêf op 'e grûn en op dat plak ûntsprong in boarne. Hy nûge de tolve rjochters út om de boarne hinne in sit te nimmen. Sels gong er op in grutte stien sitten en diktearre de rjochters dêrop it Fryske rjocht. Dêrmei koenen dy feilich weromkomme by de keizer.

Betsjutting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It is dúdlik dat de betsjutting fan dat ferhaal foar in grut part ferlern gien is. It dúdlikst blykt dat út it ûnbestjoerbere skip, wat fansels net botte helpe kin by it delskriuwen fan rjocht, en wat ek grif net it normale middel wie om minsken foar altiten fuort te stjoeren. Earder soe it figuerlik wêze kinne dat rjochters sûnder wet binne as seelju op in ûnbestjoerber skip.

In foar de Kristlike tiid wichtiger punt is de natoer fan de net-minsklike stjoerman. In ynterpretaasje soe wêze kinne dat de Kristus sels de Friezen harren rjocht jûn hat. Mar in foar-kristlike ynterpretaasje soe wêze kinne dat dyselde wetten streekrjocht fan de god fan it rjocht, Forsite, kaam binne.