Fonteineliet
It Fonteineliet is in liet fan de koaren Skomjend Wiid & Mear. It liet is in oade oan Fryslân mei syn skitterjende fonteinen fan de Fryske alve stêden. It liet waard skreaun troch Wim Beckers yn it Kulturele Haadstêdjier 2018 mei it keunstproject Eleven Fountains. [1] De koaren fersoargen ferskate optredens by de alve fonteinen.
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Fonteineliet waard skreaun en komponearre troch sjonger songwriter en bandlieder Wim Beckers fan de band WellDone út Wytmarsum. Beckers waard yn 2023 benadere troch Guus Pieksma fan it koar Skomjend Wiid dat ferlet fan nije leden hie. Pieksma hie ek de lieding oer fjouwer oare Fryske wykorkesten dat hy late mei Annewiep Bloem. [2] Pieksma en Bloem wiene ek anneks mei projekten as Mear mei Muzyk en Kunst in je buurt dat ûnder tafersjoch stie fan it Generaasjehûs, de Fryske ynstelling foar kultuerpartisipaasje.[3] It Generaasjehûs hat It doel waard om safolle mooglik minsken oan it sjongen en oan it muzyk meitsjen te krijen. Nije koarleden soene wer ferbining jaan mei oare koaren yn de regio en mei de wykorkesten.
Projekt Fontein fan Muzyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Fonteinliet waard yn 2024 ûnderdiel fan it projekt Fontein fan muzyk.[4] De koaren kamen ûnder lieding fan dirigint Guus Pieksma. ‘Eltsenien kin sjonge’, neffens Pieksma. 'Oeral kin sjongd wurde en sjongen jout ûntspanning, ferbruorring en mienskipsgefoel'.
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ien fan de aktiviteiten fan it projekt wie it meitsjen fan in fideoclip yn studio Fair Sound yn Wytmarsum. Oan de studioferzje diene wol sechtich sjongers mei: sjonger en lietsjeskriuwer Wim Beckers, syn band, leden fan it Boalserter koar Skomjend Wiid en in seleksje fan de fjouwer Fryske wykorkesten. Mear pasten der net yn de studio. Ek wiene der optredens by de City Proms op it Saailân yn Ljouwert en in optreden yn it programma Noardewyn fan Omrop Fryslân. [5][6]
Fryske Top 100
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neist it lûken fan mear minsken by it koar te heljen en muzikanten foar de wykorkesten (twa yn Ljouwert, ien yn Snits en in doarpsorkest yn Grou) moast ek besocht wurde om as mienskipsprojekt heech yn de Fryske Top 100 te kommen. It liet waard al in pear kear live útfierd. By de foarstelling op festival City Proms, op it Saailân yn Ljouwert stiene wol 130 minsken op it poadium en en 3500 meisjongers op it plein.
Al earder waard in liet spesjaal foar de Fryske Top 100 makke of oanpast. Sa makke de rockband Bildtstar alris in Fryske oersetting fan inkele kûpletten fan it Ingelsktalige nûmer Au revoir. [7]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |