Springe nei ynhâld

Skomjend Wiid

Ut Wikipedy

Skomjend Wiid is in mingd shantykoar út Boalsert. It koar begûn as inisjatyf foar ien kear by gelegenheid fan de Heamieldagen yn Boalsert yn 1993. Dirigint is Guus Pieksma.

Op it repertoire fan it koar steane faak seeljuslieten en folkslieten, yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Op it repertoire steane ek wat Fryske lieten, oanfolle mei eigentiidske lieten. De muzikale begelieding bestiet út in akkordeon, gitaar, fluit en in kasjontromme. It koar hat syn ûnderkommen yn deibesteging “de Stipe” oan it Súvelleantsje yn Boalsert.

Projekt "Fountain fan muzyk"

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under lieding fan dirigint Pieksma ûntstie it plan om as “Skomjend Wiid en Mear” mei it projekt “Fontein fan muzyk” net allinnich it eigen koar, mar ek foar koaren yn it algemien mear omtinken te krijen. Pieksma fûn dat elkenien sjonge kin, ‘Faaks is de iene moaier as de oare, mar elkenien hat in stim en kin dy brûke’. Mei-inoar muzyk meitsje ûntspannen en ferbruorret en helpt mei oan it mienskipsgefoel.

It projekt waard stipe troch it Fonteineliet, dat skreaun en komponearre waard troch singer songwriter en bandlieder Wim Beckers fan de band WellDone út Wytmarsum. It wie de bedoeling dat “Skomjend Wiid en Mear” mei it Fonteineliet ekstra omtinken krige foar “meiinoar sjongen” mar ek om it liet yn de Fryske Top 100 fan 2024 te krijen. It nûmer kaam dat jier binnen op nûmer 10 fan dy list.

Yn ferbân dêrmei wie ein juny 2024 in optreden by de City Proms op it Saailân yn Ljouwert. [1] Fjirtjin dagen letter folge optreden yn it programma Noardewyn fan Omrop Fryslân. Yn septimber waard in fideo-opname fan It Fonteineliet makke yn de Fair Sound studio yn Wytmarsum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. www.cityproms