Folkert de Roos

Ut Wikipedy
Folkert de Roos, 1963

Folkert de Roos (Ljouwert, 3 septimber 192012 july 2000) wie in Nederlânske ekonoom en heechlearaar ekonomy oan Frije Universiteit yn Amsterdam.[1]

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Roos waard berne yn in herfoarme húshâlding yn Ljouwert dêr't syn heit bakker wie,[2] De Roos sette útein mei in stúdzje ekonomy oan de Nederlandsche Economische Hoogeschool yn de lette jierren tritich. Dêr helle er syn MA yn 1942 en letter yn 1949 syn doktoraal eksamen (cum laude) mei in proefskrift mei de titel "De algemene banken in Nederland". Dat wurk soe útgroeie ta in wichtich, paadsljochtsjend wurk foar generaasjes Nederlânske studinten.

Yn 1943 gie De Roos oan't wurk by de bank Mees & Zn yn Rotterdam, dêr't er rillegau haad fan it Ekonomysk Buro waard. Ne't er yn 1949 ôfstudearre wie waard er beneamd ta heechlearaar oan de nije ôfdieling ekonomy fan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Syn promovendi wienen Dirk Cornelis Renooij (1951), Willem Hessel (1962), Jac Koolschijn (1970), Pieter Van Veen (1970)[3], Wouter Roes (1973), Gerrit Faber (1981), Paul Hilbers (1986) e.a..

De Roos waard algemiener bekend as lid fan de Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER) fan begjin jierren fyftich ôf, en as auteur fan artikelen yn de Economisch-Statistische Berichten[2]. Hy wie ek redakteur foar De Economist, lid fan de Keninklike Nederlânske Akademy fan Wittenskippen sûnt 1980 [4] en bestjoerslid by De Nederlandsche Bank.[1]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Roos skreau tal fan publikaasjes, ek yn'e mande mei oaren.[4] Boeken, in kar:

  • 1949. De algemene banken in Nederland. Proefskrift Unicersiteit fan Rotterdam, Rotterdam
  • 1953. Een halve eeuw rente in Nederland. Mei Wiert Jan Wieringa. Levensverzekering-maatschappij HAV Bank, 1953.
  • 1957. Inleiding tot de theorie der internationale economische betrekkingen. Haarlim : De Erven F. Bohn
  • 1960. Groeitheorie. Mei D.B.J. Schouten. Haarlim : Bohn
  • 1991. Over geld, rente en wisselkoersen : een selectie uit de verspreide publikaties van prof. dr. F. de Roos P.A. Geljon et al. eds. Leien : Stenfert Kroese

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 M.M.G. Fase, Levensbericht F. de Roos, yn: Levensberichten en herdenkingen, 2002, Amsterdam, s. 95-100
  2. Documentatiedienst ten behoeve van de Anti-revolutionaire Partij, Volume 6 (1961). s. 172
  3. Gert J. Peelen, Jelle Zijlstra (1988) Kenne & kunnen: ontwikkelingen in het economisch denken en doen, 1948-1988 : in gesprek met Dr. J. Zijlstra, Prof. Dr. J. Tinbergen, Prof. Dr. B. Goudzwaard en Drs. R.F.M. Lubbers. Samsom. p. 2030
  4. List fan publikaasjes by de Keninklike Biblioteek.