Folkert Posthuma
Folkert Evert Posthuma (Ljouwert, 20 maaie 1874 – Vorden, 3 juny 1943) wie in Nederlânsk lânboukundige, minister en nazy-kollaborateur, dy't dêrom yn 1943 troch it ferset fermoarde waard.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Posthuma studearre Nederlânske lânbou oan de Ryks Hegere Lân-, Tún- en Boskbouskoalle yn Wageningen en oan it Lânbou-Ynstitút yn it Dútske Halle oan de Saale. Eardat er de polityk yn gie, wurke hy yn de suvelyndustry en it fersekeringswêzen.
Ein 1914, neidat de Earste Wrâldoarloch al in pear moanne oan de gong wie, waard hy minister fan Lânbou, Hannel en Niverheid yn it kabinet-Cort van der Linden. Hy wie belêste mei de distribúsje fan iten en moast dêrom in soad ympopulêre maatregels nimme. Hy wie pro-Dútsk en kaam iepentlik yn konflikt mei Treub, dy't pro-Entente wie. Foar en nei syn ministerskip beklaaide hy liedingjaande funksjes by fersekeringsmaatskippij Centraal Beheer. Posthuma wie yn de lânboufermiddens in tige achtenearre man, hy wist mei syn deskundichheid en ûnderfining yn de ekonomyske krisis fan de tritiger jierren oant syn dea harren betrouwen te winnen. Neist syn grutte ekonomyske kennis wie hy in tige foaroansteand suvelspesjalist.
Foar it Nasjonale Bûn Lânbou en Maatskippij wie hy in belangryk oansprekpunt en adviseur. Doe't it bûn yn de besettingstiid oergie yn de Nederlandse Landstand bleau hy dy ek advys jaan. Hoewol't de mei nazy-Dútslân sympatisearjende Posthuma gjin lid fan de Nasjonaal-Sosjalistyske Beweging (NSB) wie, waard er troch yr. A.A. Mussert frege as Machtige foar lânbou. Op 3 juny 1943 waard Posthuma yn syn wenning yn Vorden 69 jier âld likwidearre troch Jan Verleun, hearrende by de CS-6 groep fan it ferset.
Hy waard beïerdige op it begraafplak yn Ruurlo.
Underskiedingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (28 augustus 1920)
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau (1928)
- Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (29 augustus 1938)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
- Frysk lânboukundige
- Frysk ûndernimmer
- Frysk assuradeur
- Frysk politikus
- Frysk bestjoerder
- Frysk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich
- Frysk misdieslachtoffer
- Nederlânsk lânboukundige
- Nederlânsk ûndernimmer
- Nederlânsk assuradeur
- Nederlânsk politikus
- Nederlânsk minister fan Ekonomyske Saken
- Nederlânsk minister fan Lânbou
- Nederlânsk bestjoerder
- Nederlânsk kollaborateur yn de Twadde Wrâldkriich
- Nederlânsk misdieslachtoffer
- Persoan dy't omkommen is by in moardoanslach
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau
- Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Kommandeur yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- Persoan berne yn 1874
- Persoan stoarn yn 1943