Fokker F28

Ut Wikipedy
Fokker F28 Fellowship


Rol Ferkearsfleanmasine
Makker Fokker
Untwerper Fokker
Earste flecht 9 maaie 1967
Yn tsjinst 1969
Ut tsjinst Beheind gebrûk
Tal makke 241 (1967-1987)
Brûkers sjoch tekst
Bou fan de F-28 Fellowship (1965)

De Fokker F28 Fellowship is it earste fan Fokker makke ferkearsfleantúch mei strielmotors. It tastel waard ûntwurpen foar de koarte- en middellange ôfstân en hie plak foar 65 passazjiers. Hy is spesjaal ornearre om fan lytsere, regionale fleanfjilden te operearjen.
It tastel hie in "speedbrake", yn de sturt ynboude rimflappen. Oant dan ta waard sa'n systeem allinne op militêre fleantugen tapast.

De langer ferzjes Mk 2000 en Mk 4000 koene 85 passazjiers ferfiere.

De bou fan de F28 barde yn 'e mande mei Hamburger Flugzeugbau (it eardere Blohm & Voss), Vereinigte Flugtechnische Werke (VFW) beide út Dútslân en Short Brothers & Harland út Belfast (Noard-Ierlân). Sundstrand, Westinghouse en Rolls-Royce leveren ek ûnderdielen.

It earste prototype, de PH-JHG, waard ferneamd nei Fokker syn sjef-ûntwerper, J.H. Greidanus. De earste flecht wie op 9 maaie 1967. Dat tastel waard flein troch de testpiloten Andreas ("Jas") Moll (gesachfierder), Abe van der Schraaf en boardwurktúchkundige Cees Dik. De flecht waard makke fan Schiphol wei en duorre 1 oere en 25 minuten.

It tastel waard ek kocht troch de Nederlânske oerheid en brûkt as "Regearingsfellowship".

Brûkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folgjende loftfeartaatskippijen hawwe de Fokker F-28 (nije- en twadde-hânsfleantugen):

Spesifikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gegevens -1000 -2000 -3000 -4000
 Langte: 27,40 m   29,61 m   27,40 m 29,61 m
 Spanwiidte: 23,58 m 25,07 m
 Fleugeloerflak: 76,40 m² 78,97 m²
 Startgewicht ten heegste:   29.485 kg   33.110 kg
 Maks. faasje:   849 km/o 843 km/o
 Sitplakken: 65   85   65 85
 Fleanberik: 2.000 km 1.350 km 2.743 km 1.900 km
 Tsjinstplafond: 10.675 m
 Oandriuwing:   2× Rolls-Royce Spey MK555-15     2× Rolls-Royce Spey MK555-18H  

Ferzjes fan de F28[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Fokker F-28-4000 fan Linjeflyg
  • F28 Mk.1000: 97 makke
  • F28 Mk.1000C: 4 makke
  • F28 Mk.2000: 9 makke
  • F28 Mk.3000: 17 makke
  • F28 Mk.3000C: 2 makke
  • F28 Mk.4000: 112 makke
  • F28 Mk.6000: 2 makke

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]