Fokker 100

Ut Wikipedy
Fokker 100


Rol Passazjiersfleantúch
Makker Fokker
Earste flecht 30 novimber 1986
Yn tsjinst 5 april 1988 (by Swissair)
Status Yn tsjinst
Tal makke 283 (1986-1997)
Grutste brûkers Austrian Airlines, Alliance Airlines, Avianca Brazil, Iran Air (yn 2013)
Fariant Fokker 70

De Fokker 100 is it grutste ferkearsfleantúch dat Fokker boud hat. De masine is ornearre foar koarte ôfstannen en hat plak foar sa'n hûndert passazjiers.

De Fokker 100 is feitlik in ferlingde en yngeand modernisearre fariant fan de âldere F28 Fellowship. Fokker hat by de '100' ûnder mear de fleugel oanpast en de spanwiidte fergrutte, in glass cockpit oanbrocht en keazen foar nije motors. De motors binne fan it type Rolls-Royce Tay, dy't ôflaat binne fan de Spey, dy't de F28 hat.

Fan de Fokker 100 binne der oant de delgong fan it fabryk yn 1996 totaal 283 levere. Augustus 2009 wiene noch 229 Fokker 100's yn it wurk by 47 loftfeartmaatskippijen. De Fokker 100 tsjinne as útgongspunt foar de koartere Fokker 70.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fokker sette novimber 1983 tagelyk útein mei de ûntjouwing fan de Fokker 100 en de Fokker 50. Dêrmei naam it fabryk lykwols te folle hea op 'e foarke, wat late ta opûnthâld yn it ûntwikkelings- en testprogramma en yn de produksje.

De Fokker 100 makke de earste flecht op 30 novimber 1986 fan Skiphol ôf. De earste maatskippij dy't it tastel yn gebrûk naam, wie Swissair, yn febrewaris 1988. Letter waarden American Airlines (75 tastellen), US Airways (40) en it Brazyljaanske TAM Linhas Aéreas mei 50 stiks grutte ôfnimmers.

Nei de terroristyske oanslaggen op 11 septimber 2001 holden in tal grutte brûkers op mei it fleanen mei de Fokker 100. Fokker Services, ien fan de libbensfetbere ûnderdielen fan de fleantúchbouwer dy't oernaam waard fan Stork, lansearre in programma om de skipe tastellen te modernisearjen en dy ûnder te bringen by oare maatskippijen. Dy 'twaddehâns' fleanmasines wiene frijwat goedkeap en it die bliken dat goedkeape loftfeartmaatskippijen se graach hawwe woene.

Technyske feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fokker 100 fan de OLT
Fokker 100 fan de British Midland Airways
Feiten
Langte    35.31 m
Spanwiidte    28.08 m
Fleugeloerflak    93,50 m²
Hichte    8.60 m
Motors    Twa Rolls-Royce Tay Mk. 650-15 fan 68 kN Schub
Maks. krúsfaasje    755 km/o (Mach 0,77)
Fleanberik    4.300 km (4.750 km ER-ferzje)
Tsjinstplafond    11.900 m
Maks. payload   12.000 kg
Maks. startgewicht    44.450 kg
Kapasiteit    85-107 passazjiers

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: