Springe nei ynhâld

Fokker 70

Ut Wikipedy
Fokker F70


Rol Ferkearsfleanmasine
Makker Fokker
Untwerper Fokker
Earste flecht 4 april 1993
Yn tsjinst 1993
Ut tsjinst n.f.t.
Tal makke 47 (+1 prototype) (1992-1997)
Brûkers sjoch tekst
Farianten gjin
Kabine fan de F70

De Fokker 70 is in ferfearsfleantúch mei twa strielmotors foar regionale flechten. Meidat de motors achter oan de romp sitte hawwe de passazjiers net safolle lêst fan it motorlûd.
It fleantúch wie it lêste ûntwerp fan Fokker yn Nederlân. De earste waard yn tsjinst naam yn 1993. De Fokker 70 is feitlik in lytsere fariant fan de Fokker 100 dy't op syn beurt wer in trochûntwikkele fariant fan de Fokker F-28 wie. Tusken 1993 en 1997 waarden der 48 stiks fan boud. Grutste brûker fan it type is KLM Cityhopper, mei 19 fleantugen (novimber 2014; de lêste 9 tastellen út tsjinst op 28 oktober 2017). Ek tsjinnet der in Fokker 70 as Nederlânsk reageringstastel.

Feitlik wie de earste Fokker 70 in 'trochseage' Fokker 100. By it twadde prototype fan de F100, de PH-MKC, waarden twa seksjes fan it fleantúch fuorthelle, sadat er fjouwer meter koarter waard. Dat tastel hie trije frachtdoarren, ien mear as de reguliere Fokker 70.

Hjoeddeiske brûkers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Anno 2015 binne der noch 38 tastellen yn tsjinst by 9 loftfeartmaatskippijen:

Fokker 70 fan AustrianArrows
  • Ofmjittingen
    • Spanwiidte: 28,08 m
    • Langte: 30,91 m
    • Hichte: 8,51 m
    • Fleugeloerflak: 93,50 m²
    • Oerflakbelêsting: 392,94 kg/m²
  • Gewicht en lading
    • Betriebsleergewicht: 22.784 kg
    • Maks. startgewicht: 41.730 kg
    • Maks. lâningsgewicht: 36.740 kg
    • Maks. lading: 10.780 kg
    • Tankynhâld: 9.600 l (13.365 l mei opsjonele tank yn romp)
    • Sitplakken: 70-80 (5 rijen mei middelpaad)
    • Bemanning: 2
  • Fleanprestaasjes
    • Maks. tsjinstfaasje: 856 km/h (320 KIAS / Mach 0.77)
    • Tsjinstplafond: 10.670 m (35.000 ft)
    • Startbaanlangte min.: 1.665 m
    • Lâningsbaanlangte min.: 1.274 m
    • Maks. fleanberik: 2.010 km (1.085 nm) // 3.410 km (1.840 nm) as Fokker Executive Jet 70ER of mei ekstra tank yn de romp

Ferlikbere ûntwerpen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. news.klm.com - KLM Purchases Seventeen Embraers to Replace its Fokker 70s 30 maart 2015
  2. news.klm.com - KLM sells seven Fokker 70s to Air Niugini 16 oktober 2015
  3. Alliance acquires Austrian Airlines' Fokker fleet