Fokker C.X

Ut Wikipedy
Fokker C.X


Rol Strategyske ferkenner/lichte bommesmiter
Makker Fokker
Earste flecht 19 oktober 1934
Yn tsjinst ? (boarnen sprekke elkoar tsjin)
Ut tsjinst 1958
Tal makke 68 (1935-1942)
Brûkers Nederlânske Loftmacht, Finske Loftmacht, Republikeinske Spaanske Loftmacht
In C.X (mei Rolls Royce Kestrel V12) fan de ML-KNYL op fleanfjild Andir by Bandûng

De Fokker C.X wie yn 't earstoan troch Fokker boud as ferkenningsfleanmasine foar de Militêre Loftfeart yn Nederlânsk-Ynje, dy't der 13 fan bestelden. Rillegau waarden dy lykwols ferfongen troch Amerikaanske Martin B-10's. Letter is der ek in searje troch de Nederlânske loftmacht oanskaft foar de Strategyske Ferkennings Ofdieling (StraVA) (16). It tastel hie in sletten cockpit, mar de waarnimmer-skutter siet yn waar en wyn efteryn.

Twa C.Xs waarden oan Spanje levere en fjouwer giene nei Finlân. De Finnen hawwe oant 1942 35 C.X-en yn lisinsje makke. Dizze C.X-en hiene Bristol Pegasus XII motors.

Maaie 1940 wiene alle 16 operasjoneel en foaral stasjonearre op fleanfjild Bergen. Sy stienen der yn kamûflearre hangars en bleaune dêrtroch behâlden by it bombardemint dat folge.

Tussken 10 en 14 maaie hawwe dizze ferâldere tastellen dochs ferskate misjes flein sûnder grutte ferliezen. Men fleach op beamhichte, it saneamde hu-bo-be-fleanen (hûske-beamke-bistke), om safolle at koe út it sicht fan de Dútske jagers te bliuwen. Se bombardearren it troch de Dútskers besette Fleanfjild Waalhaven en beskeaten ûnder oaren fijanlike opstellings yn de bosken by Wageningen en by de Grebbeliny. Twa C.X's koenen mei harren bemanning nei Frankryk ûntkomme nei de kapitulaasje.

De Finske C.X's diene it ridlik goed yn de Winterkriich en de Laplânkriich. De lêste fan de 7 Finske C.X's kresjten yn 1958. Tastel FK-111, hat noch tsjinst dien as tôger fan doelen by de Finske Loftmacht oant 21 jannewaris 1958, doe't it ferûngemakke. (De piloat, Aimo Allinen, ferlear it libben dêrby).

It Militêre Loftfeart Museum yn Soesterberch is dwaande mei werbou fan in Fokker C.X.

Farianten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • C.X Searje I : foar Nederlân
  • C.X Searje II : 4 foar Finlân.
  • C.X Searje III: yn lisinsje boud yn Finlân.
  • C.X Searje IV : yn lisinsje boud yn Finlân.

Technyske feiten (C.X)[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bemanning: 2
  • Lingte: (Nederlân) 9,2 m (Finlân) 9,1 m.
  • Spanwiidte: 12 m
  • Hichte: 3,0 m
  • Leechgewicht: sa'n 1400 kg
  • Mei lading: 2500 kg
  • Motors: Ien 650 hk Rolls Royce Kestrel V12 (NL). Bristol Pegasus XII stjermotor 850 hk (Finl.).
  • Heechste faasje: (NL) 320 km/o (Finl.) 350 km/o
  • Fleanberik: 830 km (NL) 840 km (Finl.)
  • Tsjinstplafond: (NL) 8.300 m (Finl.) 8.400m
  • Klimfaasje: 8.3 m/s
  • Masinegewearen: 2x 7.9 mm foaroan en ien yn de efterste cockpit.
  • Bomlading: 400 kg ûnder de fleugels