Laplânske Oarloch

Ut Wikipedy
Finske Troepen yn de Laplânske Oarloch.

De Laplânske Oarloch wie yn de Twadde Wrâldkriich it tredde en lêste gefjocht op Finske grûn, tusken it Finske leger en it part fan it Dútske leger dat yn Laplân stasjonearre wie.

Doe't 19 septimber 1944 de Foarsettingsoarloch einige yn in wapenstilstân tusken Finlân en de Sowjetuny, wie ien betingst dat Finlân it Dútske leger fan syn grûngebiet weistjoere soe. Dizze betingst late ta in oarloch mei de Dútske troepen. By dit gefjocht, dat duorre oant yn de maitiid fan 1945, paste it Dútske leger by syn weromtocht de taktyk fan de ferskroeide ierde ta. Dêrby waard hast elk hûs delbaarnd, ek yn de stêd Rovaniemi.