Martin B-10

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Martin B-10

Martin-B-10B.jpg

Rol Bommesmiter
Makker Glenn L. Martin Company
Untwerper Peyton M. Magruder
Earste flecht 16 febrewaris 1932
Yn tsjinst novimber 1934
Ut tsjinst 1949 (Royal Thai Air Force)
Tal makke 348 (1933-1940)
Grutste brûkers United States Army Air Corps, Nederlânske Eastyndyske Loftmacht, Turkske Loftmacht, Sineeske Nasjonalistyske Loftmacht, Argentynske Loftmacht
Farianten Martin Model 146
Martin B-10B
Martin YB-10 yn it USAF-Museum

De Martin B-10 wie de earste iendekker bommesmiter út de FS dy't hielendal fan metaal makke wie. It tastel kaam yn tsjinst yn 1934. It wie ek de earste bommesmiter dy't massaal produsearre waard en hy prestearre better as de besteande jachtfleanmasines op dat stuit. De B-10 tsjinne as basis foar de ferzjes B-12, B-13, B-14, A-15 en O-45 .

It B-10 ûntwerp hie in tal revolúsjonêre fernijings dy't fabrikant Martin de Collier Trophy yn 1932 besoarge:

  • in ynwendich bommerûm
  • draaiende mitrailleurkoepels
  • ynlûkber lâningsgestel
  • cowlings om de silinders, foar in bettere kuolling
  • folslein fan metaal

It waard de standert foar alle lettere bommedragers.

De B-10 hat tsjinne by de Nederlânske Eastyndyske Loftmacht en ek by 7 oare loftmachten njonken dy fan de FS.

Technyske feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Martin B-10A:
Feiten
Lingte 13,6 m
Spanwiidte 21,5 m
Wjokoerflak 63 m²
Hichte 4,7 m
Oandriuwing twa Wright R-1820-33 stjermotors fan 775 HK (578 kW) it stik
Grutste faasje 346 km/o
Fleanberik 2.200 km
Bemanning ien piloat, twa skutters
Tsjinstplafond 7.380 m
Gewicht leech 4.391 kg
Fleangewicht 7.440 kg
Bewapening Trije 7,62-mm-Browning-MGs, 1.030 kg bommen

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]