Fokke Kamstra
Fokke Kamstra (Snits, 7 april 1870 – Alkmaar, 4 oktober 1950) wie in Nederlânsk keunstskilder en tekener fan Frysk komôf. Oant syn 23e wurke er yn de tabak en dêrnei begûn er in meubel- en bêdefabryk dy't er yn 1908 nei Blaricum fersette. Hy wie dêr ek sân jier lid fan de gemeenteried. Om't de saak net sa goed rûn, ferhuze er nei Amsterdam en gie dêr oan 't wurk yn de betonbou. Hy sette him ek yn by de hielûnthâlders beweging.
Fan 1927 ôf oan wijde er him hielendal oan it skilderjen en festige him yn 1930 yn Bergen (Noard-Hollân).
Kamstra makke lânskippen, stillibbens en portretten. Hy skildere fral ynterieurs fan tsjerken yn: Haarlim, Delft, Alkmaar, Amsterdam, Hoarn, Monnikkedam, Egmond, De Ryp en Brussel. In skilderij fan Esther de Boer-van Rijk as 'Kniertje' waard oankocht troch de Stedsskouboarch yn Amsterdam.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- D.A. Klomp: In en om de Bergensche School. Tauber Architecten BV in Alkmaar, op 'en nij printe by gelegenheid fan it fjirtigjierrich jubileum op 21 oktober 1995. De 1e druk wie yn Amsterdam by A.J.G. Strengholt, yn 1943.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|