Springe nei ynhâld

Foeke Floris

Ut Wikipedy

Foeke Floris (om 1650 - Saandam, 8 septimber 1703) wie in Fryske smid en minnistepreker yn Surhústerfean, oant 1687 en East-Saandam fan 1687 oant 1703.

Hy reizge in protte troch Fryslân om te preekjen. Dûmny Fransiskus Elgersma fan Grou beskuldige him yn 1683 fan sosinianisme. Der folge in polemyk wêrby't Foeke Floris De Beschermingh der Waerheyt Godts publisearre (1687). Dêrnei ordonnearren de Steaten ferbaarning fan dat boek en leine Foeke Floris op 18 novimber 1687 in preekferbod op. In skoftke dêrnei waard er acht wiken fêstholden yn Ljouwert (hy soe dêr wol 2000 minsken op besite hân hawwe). Hy waard fanwegen ketterij út Fryslân ferballe.

Hy festige him yn East-Saandam, mar krige dêr ek problemen mei de Noardhollânske synoade dy't him oanklage by de baljuw fan Kinnemerlân. Steedhâlder Willem III behoede him foar finzenskip yn 1688; de synoade besocht noch twa kear fergees om op dat beslút werom te kommen. It preekjen waard him lykwols ferbean troch de baljuw oant 1693.

In kar:

  • Leerregel des Bibels
  • Eenige Voorbeelden onzer loffelycke Vaderen
  • Een Hemelsch A.B.C (Haarlim, 1690)
  • Afdeeling der Heilige Bibelwetten (Amsterdam, 1699)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Foecke Floris.