Springe nei ynhâld

Foederati

Ut Wikipedy

Foederati (Latynsk: ferbûnen, meartal fan foederatus: ferbûne) is in term dy't tsjintwurdich foaral brûkt wurdt foar de Germaanske stammen dy't yn de earste iuwen nei Kristus as foederati opkamen yn it Romeinske Ryk. It begryp sels is lykwols âlder dan dy tiid.

Under de Republyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste iuwen foar Kristus beskikte Rome al oer in systeem wêrby't de ferskate stammen yn Itaalje opdield waarde yn "klassen", nei harren relaasje mei de Romeinen. De Latinen waarden as Romeinske bloedbruorren beskôge. Dêrnei kamen de Foederati: sy hienen net it Romeinske boargerrjocht, mar wienen troch in wetlik ferdrach ferbûn mei Rome. De oare folken wiene bûnsmaten, Socii.

Om't dy yndieling in soad ûndúdlikens joech, waard de ûnderlinge ferbûnens fan Italjaanske folken, yn 90 foar Kristus, wetlik regele yn de Lex Julia. Alle steaten waard it Romeinske boargerrjocht oanbean. Dêrtroch koenen sy allegear tatrede ta de Romeinske Republyk, de res publica.

Sûnt de Keizertiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de earste iuwen nei it begjin fan de jiertelling krige it begryp foederati in rommere betsjutting. Earst waarden troch de Romeinen guon stammen as foederati oan harren bûn troch stipe mei jild of iten. Letter waard it foederati hieltyd faker tastien harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Troch dy feitlike opname yn it Ryk krigen de foederati ek in soartemint fan beskerming. Yn ruil dêrfoar betellen de foederati belesting oan de Romeinen: sy leveren Rome helptroepen foar it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy't letter yn opstân komme soene tsjin Rome, lykas Arminius, Julius Civilis en Alarik, makken opgong yn it Romeinske leger.

De foederati waarden ynkertierd by grutgrûnbesitters dy't yn de grinsgebieten fan it Ryk wennen. Dat soe lang om let grutte gefolgen hawwe: grutgrûnbesitters dy't in soad jild hiene en nochal ûnôfhinklik fan Rome wienen, krigen troch de ynkertiering hieltyd mear muoite om harren belêsting oan Rome ôf te dragen. Dy ûntwikkeling late ta in belêstingherfoarming wêrby't de belêsting benammen lokaal organisearre waard. Dizze opdieling fan it Ryk yn lytsere belêstingdistrikten hat nei alle gedachten fan ynfloed west op de lettere territoriale opdieling fan it Romeinske Ryk.

Yn de tuskentiid waarden de Romeinen hieltyd ôfhinkliker fan de foederati, dy't lykwols net altyd betroud wienen. De ûnder in soad geunstige betingsten nei Traasje yn it Ryk helle Fisigoaten kamen yn 395 yn opstân tsjin keizer Theodosius I.

Untwikkelings yn de 5e iuw

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't de Romeinske macht yn de 5e iuw fierder ôfnaam, stelden de foederati yn it West-Romeinske Ryk harren hieltyd ûnôfhinkliker op. Opstannen fan foederati kamen faker foar en om-ende-by 455 ûntstie der in situaasje dat der gjin belestingjild mear oan it sintraal gesach ôfdroegen waard. De lokale Romeinske autoriteiten waarden oan de kant skood en foederati as de Fisigoaten en de Boergonden namen sels it heft yn hannen troch it stiftsjen fan ûnôfhinklike keninkriken.

Yn it leger gong it allyksa. Yn de rin fan de 5e iuw rekke de militêre sterkens fan it Romeinske leger sawat hielendal basearre op foederati ienheden. Yn 451 koe Attila de Hun mei muoite ferslein wurde mei help fan foederati, wêrûnder de Fisigoaten, Boergonden, Franken en Alanen. Lang om let wie ien stam fan foederati, de Germaanske stam de Herulen, ferantwurdlik foar de ein fan it West-Romeinske Ryk. De lêste Romeinske keizer Romulus Augustulus waard ôfsetten troch de magister militum, oerbefelhawwer, fan de foederati, de Herulenlieder Odoaker.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]