Springe nei ynhâld

Foanejachtbrêge

Ut Wikipedy

De Foanejachtbrêge is in brêge oer it Prinses Margrietkanaal yn de N31 tusken Ljouwert en Drachten. It Prinses Margrietkanaal is de haadfarrûte fan Amsterdam oer De Lemmer nei Delfsyl. Oer de Foanejachtbrêge rint parallel oan de N31 de Stûkenwei.

Oant maart 2008 waard der wurke oan ferdûbeling fan de N31 (fan 2 x 1 baan nei 2 x 2) en tagelyk ek oan ferdûbeling en ferheging fan de Foanejachtbrêge. De Foanejachtbrêge dy’t yn 1962 boud is hie in hichte fan 7,5 meter en is in febrewaris 2006 sloopt. De nije brêge waard boud yn twa dielen om fazearring fan de bou mooglik te meitsjen om it autoferkear mei sa min mooglik hinder de dyk brûke te litten. It earste diel fan de nije Foanejachtbrêge is yn novimber 2005 in gebrûk nommen. Nei sloop fan de âlde brêge út 1962 waard op itselde plak in twadde brêge boud. Beide nije brêgen sille 9,5 meter heech wêze. In hichte dêr’t binnenfeartskippen mei fjouwer lagen konteners ûndertroch kinne, sûnder dat de brêge iepen hoecht. Iepenjen fan de brêge sil allinnich op oanfraach barre tusken 2 en 4 oere nachts.

Nei it yn gebrûk nimmen fan de brêge yn 2008 is de Steande Mêstrûte ferpleatst nei it akwadukt Langdiel dat besuden Ljouwert boud waard. De kar fan akwadukt Langdiel èn Foanejachtbrêge is om beropsfeart en plezierfeart faninoar te skieden.