Springe nei ynhâld

Flearen (skaai)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Flearen (plant))
flearen
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten
   (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
(sûnder rang): ranke planten (Lignophyta)
boppeklasse: siedplanten (Spermatophyta)
klasse: bedutsensieddigen
   (Angiospermae)
(sûnder rang): twasiedblêdigen
(sûnder rang): asteriden
(sûnder rang): kampanuliden
skift: kaarde-eftigen (Dipsacales)
famylje: muskuskrûden (Adoxaceae)
skaai: flearen (Sambucus)
Linnaeus, 1753

De Flearen (Sambucus) is in skaai fan hurdgroeiende strûken of lytse beammen.

Yn de maitiid (ein maaie-juny) drage se skermstrûzen fan wite of krêmekleurige blommen, dêrnei komme lytse reade, blauëftige of swarte fruchten, dy't beien neamd wurde, mar feitlik stienfruchten binne. Der binne ek flearen mei goudkleurich en pears blêd en rôze blommen. Jonge tûken binne grien, krûdeftich, binne beset mei koarkwarten, befetsje in wyt, spûnzich moarch en ferhoutsje letter.

De Flearen hawwe ferlit fan stikstofrike grûn, mar fierders binne der gjin bysûndere waakstbetingsten.

Yn de hiele wrâld binne der 25 soarten, dêr't trije fan yn Nederlân en Belgje foarkomme:

  • De Flear (Sambucus nigra), mei swarte beien, is de wichtichste soarte yn Jeropa. In far fan de flear, dy't lykwols ek wol ferwyldere rekke is, is de Piterseeljeflear (Sambucus nigra 'Laciniata'), dy't djip ynsniene blêden hat.
  • De Reade Flear (Sambucus racemosa) groeit yn de kâldere parten fan it noardlik healrûn en hat blierreade beien.
  • De krûdflear (Sambucus ebulus) is in seldsume soarte dat meast oan de rivieren fûn wurdt.

Dan binne der noch de neikommende rassen, spesjaal foar de produksje fan beien mei in heech kleurstofgehalte: 'Skondol', 'Samyl', 'Sampo', 'Mammut' en 'Haschberg'.

Fanâld wurde der allerhanne genêskreftige eigenskippen oan de flear taskreaun, foaral at er by of op in deahúske groeide. De seane bast (nei boppe ta skyld) befoardere it switten en it opjaan fan iten. At de bast nei ûnderen ta ôfskyld wie befoardere dat de trochgong. Fierders waard flear tapast by de flearen (jicht) en in ôflûksel fan de bast koe tsjinje as eachwetter.

Yn Wierum ferballe men koarts yn in flearbeam (lokaal: bossebeam). Yn de Wâlden koe men in kweade geast mei in fleartûke út de bedstee ferjeie.

In splinter fan flearhout, ferkrige troch it snijen fan in krús yn de bast, wie goed tsjin pine yn 'e mûle. By hûzen waard in flear set om miggen oan te lûken en sa út it hûs te hâlden en it soe ek mycheamels op in ôfstân hâlde.

Beien fan 'e flear.

Sawol de blommen as de beien wurde brûkt foar it meitsjen fan wyn; de beien wurde ek ferwurke ta jenever, likeur en sjem, sjerp of sjelei. De beien kinne better net rau iten wurde om't se in licht fergiftige stof befetsje, it saneamde sambunigrine, dat troch sieden ûnskealik makke wurdt. Alle griene parten fan de flear kinne net iten wurde fanwegen de stof glukoside.

Fierders wurde de blommen wol ferwurke yn oaljekoeken en kin der ranja fan makke wurde.

Yn Bearse wurdt nôtjenever op basis fan flearbeisop bottele, it Beers Vlierke. Dizze drank smakket swiet. En yn Lommel bestiet in likeur op basis fan flearbeien mei de namme Klotsenbos.

In útholle rjochte stâle waard troch bern wol in bos (klapbus, sjitbus) fan makke en koe ek tsjinje as pylkpunt.

Yn in dûbbel-bline stúdzje is dúdlik wurden dat flearbeien in posityf effekt hawwe by de behanneling fan ynfluenza B.[1]

In lytse stúdzje, mei 60 persoanen, út 2004 liet sjen dat sa'n 90% fan de gryppasjinten (90% ynfektearre mei it A-firus) dy't in flearbeie-ekstrakt hân hienen nei trije dagen al hieldal frij wienen fan grypferskynsels; dejingen dy't in plasebo krigen hiene dienen der seis dagen oer en brûkten boppedat mear pinestillers en noassprays. Bywurkings waarden net sjoen. Dizze stúdzje liet sjen dat it foar ynfluenza A wat docht, seit ûndersiker Erling Thom, fan de Universiteit fan Oslo.[2]Der wurdt toch dat de ant-oksidanten yn it úttreksel it ymmúnsysteem stimulearje en dat wer oare stoffen in ûntstekkingsremjend effekt hawwe.

Foar de Germanen wie de flearbeam hillich en wijd oan de god Tonger. De flear beskerme tsjin kweade geasten troch harren oan te lûken. In flear mocht net samar omkapt wurde, earst moast der respekt betoand wurde. It snoeisel waard op de grûn lein sadat mooglik oanwêzige geasten de grûn ynkrûpe koenen.

By begraffenissen waarden wol fleartûkjes op de kiste lein en deagravers woene wol flearblommen yn de klean stekke at hja in deade helje moasten. At in flear der ôfhelle waard soe der immen komme te stjerren.

Nei de komst fan it Kristendom waard de flear frijwat min makke. Judas Iskariot soe him nei it ferrie fan Jezus oan in flearbeam ophongen hawwe.

De flear is weardplant foar de mikroflinters Epagoge grotiana, Anania coronata en Udea prunalis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedia nl: Vlier (geslacht)

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Vlier.

  • Heimans, E.; Heinsius, H. W.; Thijsse Jac. P. Geïllustreerde flora van Nederland (1948)
  1. Zakay-Rones,Zichria; Noemi Varsano, Moshe Zlotnik, Orly Manor, Liora Regev, Miriam Schlesinger, Madeleine Mumcuoglu. Inhibition of Several Strains of Influenza Virus in Vitro and Reduction of Symptoms by an Elderberry Extract (Sambucus nigra L.) during an Outbreak of Influenza B Panama (1995) yn Journal of Alternnative Complementary Medicine, diel 1, item 4, side 361-9. |format=PDF |accessdate=September 8, 2009
  2. Z Zakay-Rones, E Thom, T Wollan and J Wadstein. "Randomized Study of the Efficacy and Safety of Oral Elderberry Extract in the Treatment of Influenza A and B Virus Infections", Journal of International Medical Research (pdf)