Flagge fan Raard
Appearance

De flagge fan Raard is de flagge fan it doarp Raard, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge is yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Broekskean ferdield, fanôf de broek wyt-blau; yn it wyt in swarte W fan in tredde flaggehichte mei boppe de earste helte fan de W in grien klaverblêd.
De kleuren komme út it wapen fan Raard.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeane yndieling: ferwiist nei it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Letter W en klaverblêd: oernommen fan út it wapen fan de famylje Van Kleffens. De letter W út it wapen ferwiist nei stamfaar fan de famylje: Oege Thomass, yn de âlde stavering Wge Thomass.