Flagge fan Nijewier
Appearance
De flagge fan Nijewier is de flagge fan it doarp Nijewier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is:
Flechtskean ferdield fan giel en grien; yn it giel in read Jeruzalimkrús fan heale hichte.
De kleuren komme út it wapen fan Nijewier.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Griene fjild: ferwiist nei de terp wêr't it doarp op leit.
- Jeruzalimkrús: ferwiist nei it kleaster Sion, dy yn it doarp stien hat. De reade kleur is oernommen út de wapens fan it Prinsbisdom Utert en de streek Eastergoa.