Springe nei ynhâld

Jeruzalimkrús

Ut Wikipedy
It Jeruzalimkrús

It Jeruzalimkrús is in kristlik krús yn de foarm fan in Gryksk krús, wêrby't yn alle fjouwer kwadranten in lytser Gryksk krús yndield is. Yn guon foarstellings ferfangt in krúkkekrús it grutte sintrale krús. De fiif krusen fan it Jeruzalimkrús steane symboal foar de fiif wûnen fan Kristus.

Godfried fan Bouillon

It Jeruzalimkrús waard foar it earst yn 1099 as wapen brûkt troch de krúsfarder Godfried fan Bouillon. Hy wie sûnt 1089 hartoch fan Nederloataringen (dat rûchwei it súdeastlik diel fan it hjoeddeiske Belgje, in diel fan noardeastlik Frankryk en it noardlike Rynlân omfieme) en wie ien fan 'e lieders fan 'e Earste Krústocht. Godfried fan Bouillon stifte nei de oermastering fan Jeruzalim it Keninkryk Jeruzalem en droech ynearsten as regint de titel 'Beskermer fan it Hillige Grêf'. Fan it krús makke er it symboal en it nasjonale wapen fan it keninkryk. Oant 1291 waard it yn goud op sulver brûkt.

Yn de 14e iuw waard it krús ûnder kening Giorgi V yn reade kleur de flagge fan Georgje. Foarname pylgers nei Jeruzalim dy't by it Hillige Grêf ta ridder fan de Ridderoarder fan it Hillich Grêf yn Jeruzalim slein waarden, keazen it yn de 14e iuw lykas de kanunniken fan it Hillich Grêf ek as harren embleem.

Yn 'e stêd Jeruzalim sels is it Jeruzalimkrús op syn minst likefolle oanwêzich as it wapen fan Jeruzalim. Fral de tsjerken fan 'e stêd brûke dit embleem graach, om't dy meast troch de krúsfarders stifte binne. Ek is it Jeruzalimkrús yn de krúsfardersfesting yn Akko te sjen. Hjoed-de-dei is it krús in populêr symboal op oantinkens út de Hillige Stêd, lykas kaaihingers ensfh. Mar it krús is ek bûten Jeruzalem te sjen op in soad tsjerken yn it hiele gebiet fan wat doe it Keninkryk Jeruzalem wie, benammen op Maronityske tsjerken en kleasters yn Libanon.

Ofbylden Jeruzalimkrús yn 'e heraldyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis de:Jerusalemkreuz