Flagge fan Jouswier
Appearance
De flagge fan Jouswier is de flagge fan it doarp Jouswier, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.
De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De beskriuwing fan de flagge is: Flechtskean dield fan wyt en grien; yn it wyt in reade steande kaai mei de bek nei boppen en nei de flechtside takeard.
De kleuren komme út it wapen fan Jouswier.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kaai: de kaai is in symboal foar Petrus, patroanhillige fan de Petrustsjerke fan Jouswier.
- Kleurstelling: oernommen oan sawol it wapen fan it Prinsbisdom Utert as oan it wapen fan Eastergoa.
- Griene flak: ferwiist nei de mei gers begroeide terp.