Springe nei ynhâld

Flagge fan Feankleaster

Ut Wikipedy
Flagge fan Feankleaster

De flagge fan Feankleaster is de flagge fan it doarp Feankleaster, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.

De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerpperioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkard of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.

De beskriuwing fan de flagge is:

In blauwe flagge mei in wyt krús op it midden; op it wite krús in swart krús.

De kleuren komme út it wapen fan Feankleaster.

  • Krús: ferwiist ûnder mear nei de krusing fan diken dêr't it doarp oan ûntstien is.