Springe nei ynhâld

Flagge fan Brantgum

Ut Wikipedy
Flagge fan Brantgum

De flagge fan Brantgum is de flagge fan it doarp Brantgum, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1988 registrearre.

De doarpsflaggen fan 28 doarpen yn Dongeradiel binne op 28 jannewaris 1988 troch de gemeenteried fan de eardere gemeente Dongeradiel goedkard.

De beskriuwing fan de flagge is:

Wyt, mei in reade broekskeanbalke fan in tredde flaggehichte en dêrop in giel pinsiel fan it wapen.

De kleuren komme út it wapen fan Brantgum.

  • Reade skeanbaan: ferwiist nei de wearjende skeanbalke fan it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Ek stiet it foar de Dokkumerwei dy troch it doarp hinne rint.
  • Pinsiel: ferwizing nei de skilder Ids Wiersma dy yn Brantgum berne is.