Flânsumerstins
Appearance
De Flânsumerstins wie in stins by de buorskip Flânsum by Raerd, gemeente Boarnsterhim. De stinswier lei foar de pleats op Flânsum 1. Fan de stins en stinswier is neat werom te finen.
Oer it ûntstean fan de stins is neat bekend. By Flânsum wurdt yn 1718 neist dy fan Piersmastins noch in stinswier oanjûn. Hjir wurdt yn de 15e iuw ek in adelshûs neamd. In oare suster fan Onne van der Cappelle/Oenema (sjoch ek: Inhimrenstins) soe hjir oan it begjin fan de 15e iuw yntroud wêze. Letter hearde it hûs yn Flânsum oan de Albada's. Der wurdt wol suggerearre dat in suster fan Onne Oenema de mem fan Renick Albada thoe Flansum wie.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 15e eeuw famylje Albada
- 2011 Hoite Harinxma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|