Springe nei ynhâld

Finke (toponym)

Ut Wikipedy

Finke is in bestândiel fan guon Fryske plaknammen as Finkegea en Finkebuorren ûnder Sondel en Sint Nyk. De namme komt ek foar yn strjitnammen as Finkebuorren yn bygelyks Akkrum. De namme soe eat betsjutte as 'leech turflân' of 'fean'. Yn it Midden-Nederlânsk is 'vink' in minne soarte turf.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. en oaren, Encyclopedie van Friesland 1953, Finke.
  • Fryske Plaknammen I - side 28-29
  • Schönfeld - Veldnamen, 86, 138, 174
  • Moerman, 108,248