Filainis fan Samos

Ut Wikipedy
Filainis fan Samos
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Filainis
nasjonaliteit Samioatysk
berne 4e iuw f.Kr.
berteplak Samos
stoarn 3e iuw f.Kr.
stjerplak Samos
etnisiteit Gryksk
wurk
taal Aldgryksk
sjenre sekshânlieding
perioade Hellenisme

Filainis fan Samos (ek stavere as Philaenis; fl. 3e iuw f. Kr.) wie nei't it hiet de skriuwster fan 'e ierst bekende en tige ferneamde sekshânlieding út 'e Klassike Aldheid. Hja wurdt neamd yn mear as tsien boarnen út dat tiidrek en der wurdt oannommen dat hja in hetaira oftewol koertisane wie. De sekshânlieding sels waard lange tiid ferlern waand oant yn 1972 yn it Egyptyske Oksyrynchus trije koarte fragminten weromfûn waarden. Moderne saakkundigen geane der algemien fan út dat Filainis nea bestien hat, en dat har namme as mienskiplik pseudonym brûkt waard troch oare skriuwers fan erotyk.

Persoan[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filainis is de bekendste fan 'e froulju út 'e Aldheid dy't in eroatysk traktaat skreaun hawwe soene, en hja waard allinnich al yn 'e Aldheid neamd yn in stik as tolve boarnen. Neffens ien fan 'e oerlibjende fragminten fan it traktaat út Oksyrynchus waard dat wurk skreaun troch "Filainis de Samioatise, dochter fan Okymenes", hoewol't de grammatikus Atenéus fan Naukratis hawwe woe dat se fan Leukadia kaam, ien fan 'e Ioanyske Eilannen. De namme fan har mem wurdt soms jûn as "Gyllina". Moderne saakkundigen nimme algemien oan dat Filainis net echt bestien hat, mar ynstee in persona wie, dy't brûkt waard troch teminsten ien, mar wierskynlik ferskate skriuwers fan erotyk dy't harren namme net ferbûn hawwe woene mei wat doedestiden in stigmatisearjend ûnderwerp wie.

Oer it generaal wurdt troch moderne wittenskippers oannommen dat de persona fan Filainis in koertisane wie, in djoer soarte prostituee, dat yn 'e Grykske Aldheid bekendstie as in hetaira. Neffens Ian Michael Plant is de namme "Filainis" in ferlytsingsfoarm fan filaina, de froulike foarm fan it Aldgrykske wurd filos, dat "leafde" betsjut. De namme hat dus as betsjutting safolle as "leafke", dat neffens Plant yn it Alde Grikelân in frij algemiene skûlnamme wie dy't troch prostituees oannommen waard. De bân fan Filainis mei it eilân Samos, yn 'e Egeyske See flak foar de kust fan Lyts-Aazje, is datoangeande ek tapaslik, mei't Samos yn 'e Aldheid ferneamd wie om syn djoere hetairai.

Filainis soe in sekshân-lieding skreaun hawwe, wêryn't se ferskate sekshâldings beskreau. Dizze ôfbylding op in wynkop út omtrint 475 f.Kr. toant in man dy't mei in hetaira (in koertisane) seksuele omgong hat yn 'e hûntsjeshâlding.

D.W. Thomson Vessey hâldt it derop dat de persona fan Filainis eins "de prototypyske hoer" fertsjintwurdige. Oan 'e oare kant wiisde Sandra Boehringer de beskôging fan Filainis as in koertisane op ferheftige wize ôf. Hja hold út dat der gjin bewiismateriaal bestiet om it argumint te ûnderstypjen dat de namme "Filainis" in hoerenamme wie, noch dat lykfolwa yn 'e Aldheid ea miend hat dat Filainis in koertisane wie. Neffens har beskôgen de lju har yn 'e Aldheid inkeld as ferdoarn, en fertsjintwurdiget it idee dat se wat mei prostitúsje te krijen hie, it weromsjen op 'e Aldheid troch moderne eagen.

Ferwizings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twa satiryske Aldgrykske epigrammen út 'e Anthologia Palatina, fan 'e dichters Aischrion fan Samos en Dioskorides, sizze de reputaasje fan Filainis ferdigenje te wollen troch te bewearen dat sy nèt de wiere skriuwster wie fan it oan har taskreaune traktaat oer seks. Aischrion hâldt it der ynstee op dat it traktaat it wurk wie fan 'e Ateenske ûnderwizer Polykrates. De skriuwerij fan Filainis wie yn 'e Aldheid wiid en siid bekend, en oefene dêrtroch ynfloed út op it wurk fan oare auteurs. Saakkundigen nimme tsjintwurdich oan dat bygelyks de Ars Amatoria fan Ovidius sa'n ynfloed sjen lit.

Yn lettere tiden bleau Filainis wakker yn oantins om har reputaasje foar seksuele wyldsin. Sa komt in fiktyf personaazje mei de namme Filainis foar yn 'e Epigrammen fan 'e Romeinske dichter Markus Falearius Martialis as in manwiif dat derom bekend stiet dat se mei oare froulju omslacht. De kristlike skriuwers Justinus de Martelder, Tatianus en Klemins fan Aleksanderje hellen de geskriften fan Filainis yn harren wurk oan as foarbylden fan ferdjer en ymmoraliteit. Yn 'e pseudo-lusiaanske dialooch Erotes, út 'e fjirde iuw, wurdt dernei ferwiisd dat Filainis in foarbyndildo brûkt hawwe soe om seks mei oare froulju te hawwen. It wie troch sokke ferwizings út 'e Lette Aldheid dat Filainis yn 'e moderne tiid de measte bekendheid krige. Sadwaande waard se ek neamd troch ier-santjinde-iuwske Ingelske auteurs as Thomas Heywood en John Donne, dy't har allebeide delsetten as wie se oanhelle mei in seksuele ôfwiking.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.