Tatianus

Ut Wikipedy

Tatianus wie in iere Gryksk Kristlike skriuwer yn de (2e helte 2e iuw n.Kr.). Hy wie ôfkomstich út Mesopotaamje en kaam nei Rome, dêr't er learling waard fan Justinus de Marteler. Om-ende-by 172 kearde hy werom nei it Easten en waard geastlik lieder fan in tige strange sekte. Hy is bekend wurden as grut propagandist fan de enkrateia, in foarm fan rigoureuze assese.

Hy wie ûntwerper fan de Diatessaron ('út fjouwer gearstald'; skreaun tusken 170 en 180), in harmony fan de fjouwer evangelyen. Fan al syn oare wurk is allinnich de Oratio ad Graecos ('Rede ta de Griken') beware bleaun. Dat is in apologetysk skrift, dêr't de tiidleaze suverheid fan it kristendom yn ferhearlike wurdt en de heidenske kultuer fel kritiseare.