Springe nei ynhâld

Fersekeringsmaatskippij

Ut Wikipedy

In fersekeringsmaatskippij (fan it Nederlânske verzekeringsmaatschappij), of ek fersekerder (fan it Nederlânske verzekeraar), is in bedriuw dat fersekerings oanbiedt. Yn 'e regel wurde fersekeringsmaatskippijen beskôge as behearrend ta de finansjele sektor, krektlyk as banken. It binne ûndernimmings dy't harsels ferplichtsje om oan harren klanten (de fersekeringnimmers), yn ruil foar it jierliks beteljen fan in beskaat jildbedrach (de fersekeringspreemje), in finansjele fergoeding út te kearen as in beskate sitewaasje him foardocht dêr't harren klanten finansjele skea fan ûnderfine.

Sitewaasje yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Nederlân is in fersekeringsmaatskippij altyd in namleaze fennoatskip (dy't ta doel hat om winst te meitsjen) of in ûnderlinge waarboarchmaatskippij (in koöperative feriening sûnder winsteachmerk). Univé, CZ en Menzis binne foarbylden fan ûnderlinge waarboarchmaatskippijen. De oare grutte fersekeringsmaatskippijen binne oer it algemien namleaze fennoatskippen. In natuerlike persoan of in oare rjochtsfoarm (bgl. in besletten fennoatskip of in stifting) meie net as fersekeringsmaatskippij operearje. Neffens de Wet op it Finansjeel Tafersjoch is in fersekeringsmaatskippij in skeafersekerder, in libbensfersekerder of in natuera-útfeartfersekerder. In libbensfersekerder mei net tagelyk ek in skeafersekerder wêze. (Opmerkilik is dat it Boargerlik Wetboek inkeld ûnderskie makket tusken skeafersekerings en sommefersekerings en it ferskil tusken libbensfersekerings en natuera-útfeartfersekerings net ken.)

  • In skeafersekerder slút mei syn fersekeringnimmers skeafersekerings ôf. Dat binne fierwei de meast foarkommende soarten fersekerings, dy't ta doel hawwe de fersekeringnimmer te beskermjen tsjin fermogensskea.
  • In libbensfersekerder slút mei syn fersekeringnimmers libbensfersekerings ôf. Dêrby wurdt jild útkeart oan 'e djipdrôven yn it gefal dat in persoan komme soe te ferstjerren. De bedoeling fan sa'n fersekering is dat de widdo/widner en eventuële bern fan 'e ferstoarne troch it weifallen fan syn/har ynkommen net yn 'e finansjele swierrichheden reitsje.
  • In natuera-útfeartfersekerder slút mei syn fersekeringnimmers natuera-útfeartfersekerings ôf. Dêrby regelet en betellet de fersekeringsmaatskippij yn it gefal dat de klant komt te ferstjerren syn of har útfeart, sûnder dat dêrfoar jild útkeart wurdt oan 'e djipdrôven. It jild giet dus streekrjocht fan 'e fersekeringsmaatskippij nei de útfeartûndernimming, it krematoarium, de makker fan 'e grêfstien, ensfh. In libbensfersekerder mei wol ek natuera-útfeartfersekerings oanbiede, mar in natuera-útfeartfersekerder mei gjin libbensfersekerings oanbiede.

Fersekeringsmaatskippijen steane yn Nederlân ûnder tafersjoch fan De Nederlandsche Bank (DNB). Alle fersekeringsmaatskippijen moatte oer in fergunning beskikke dy't troch DNB ferliend wurdt. Dy fergunnings binne opnommen yn ferskate registers dy't byholden wurde troch DNB sels en de Autoriteit Finansjele Merken (AFM). De registers binne te rieplachtsjen foar eltsenien op 'e webside fan dy beide ynstânsjes. De fergunningsplicht jildt foar libbens- en skeafersekerders mei it haadkantoar yn Nederlân en foar libbens- en skeafersekerders mei in bykantoar yn Nederlân en it haadkantoar yn in lân dat net lid is fan 'e Jeropeeske Uny of de Jeropeeske Ekonomyske Romte (yn it gefal fan skeafersekerders ynkl. Switserlân).

Fierders binne fersekeringsmaatskippijen yn Nederlân op fersplichte basis oansletten by it Klachteynstitút Finansjele Tsjinstferliening (KiFiD). Dêr kinne fersekeringnimmers en oaren telâne mei in klacht oer de hannelswize fan in fersekeringsmaatskippij. It KiFiD beoardielet dan oft de hannelswize fan 'e fersekeringsmaatskippij korrekt west hat of net. Ornaris hawwe fersekeringsmaatskippijen fêstlein dat se bûn binne oan it advys fan it KiFiD. Fierder stiet foar konsuminten fansels ek altyd noch de gong nei de rjochter iepen.

Fersekeringsmaatskippijen aktyf op 'e Nederlânske merk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fersekeringsmaatskippijen, aktyf op 'e Nederlânske merk, op folchoarder fan merkoandiel (neffens sifers út 2018)[1] binne:

29,0% - 5.000.000 fersekerden
23,4% - 4.000.000 fersekerden
20,4% - 3.500.000 fersekerden
13,2% - 2.300.000 fersekerden
4,1% - 710.000 fersekerden
2,8% - 485.000 fersekerden
2,6% - 450.000 fersekerden
1,9% - 330.000 fersekerden
1,2% - 210.000 fersekerden
1,1% - 200.000 fersekerden
0,3% - 55.000 fersekerden

Fertsjintwurdiging

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De measte fersekeringsmaatskippijen binne feriene yn it Bûn fan Fersekerders, dat de belangen fan 95% fan 'e fersekeringsmaatskippijen yn Nederlân fertsjintwurdiget. It Bûn hat fjouwer haadtaken:

  • it fertsjintwurdigjen fan 'e leden nei de bûtenwrâld ta;
  • it befoarderjen fan it goede imago fan 'e fersekeringssektor;
  • it bieden fan in platfoarm foar de lidorganisaasjes;
  • it ferlienen fan beskate tsjinsten oan 'e lidorganisaasjes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kuijper, Koen, Grootste zorgverzekeraars verliezen marktaandeel, op Zorgwijzer.nl, 30 april 2018.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.